- 6 - Hy stiet allinne achter de saneamde trijedieling yn it bestjoer: gemeente, provinsje en lansregear. Om dy reden dielt hy dan ek it stanpunt fan it kolleezje net. De hear Roorda seit dat syn fraksje fan betinken is dat it kolleezje oangeande de bestjoerlike fernijing nochal foarsich- tich en behaldend is. It is de fraach oft it strukturele pro bleem sa wol oplost wurde kin. De regio is foar de measte boar- gers in onbekind fenomeen. Dit komt ünder oaren omt de leden fan it regiobestjoer net rjochtstreeks keazen wurde. De praktyk hat ündertusken oantoand dat de regionale gearwurking ünfoldwaande by steat is de problemen op te lossen. It komt nochal ris foar dat de skiedslinen yn stanpunten krekt oer de gemeentegrinzen lizze. Dat hat hy it noch net iens oer de regio- taken op provinsjaal gebiet. De bekindste is wol it OLAF. Foar de boargers is de regio net te oersjen en ündüdlik wa't wêr foar ferantwurdlik is. Ek foar de riedsleden dy't yn it bestjoer fan' e regio sitte fait it net ta te funks j onearj en sa't it heart. De needsaak ta bestjoerlike fernijing is der seker. Syn fraksje fynt dat besjoen wurde moat oft de taken dy't no yn regioferban dtfierd wurde ek weromlein wurde kinne by de gemeen te of better oan'e provinsje oerdrügen wurde kinne. Sa komme dy taken tenminste wer ünder de kontröle fan de rjochtstreeks keazen bestjoerdersHy fynt dat der ek sjoen wurde moat nei it provinsjale takenpakket en oft mooglik taken oan'e gemeenten oerdrügen wurde kinne. En fansels mei Den Haach ek net büten skot bliuwe. Der moat stribbe wurde nei trije folweardige bes- tjoerslagen mei in helder takenpakket. By de werskikking moat rekken halden wurde mei it feit dat de gemeenten is tichtste by de boargers stiet. Utgongspunt fan dizze operaasje moat dan ek wêze dat it demokratyske gehalte fan it bestjoer tanimt. De gemeentlike autonomy is foar in net sa grutte gemeente as uzes binnen de regio mar hiel betreklik. Op dit momint bedraacht de gemeentlike bydrage fan Boamsterhim oan de regio al rom in heal miljoen. It öfwizen fan in werskikking fan taken sil de rop om skaalfergrutting tanimme litte. Dat is in idee dêr't syn fraksje neat foar field. Boamsterhim is moai op maat en dat moat sa bliuwe. It is no tiid om saken te dwaan. Ek de steatssiktaris fan ynlanske saken is ree in eksperimint fan bestjoerlike^ fer nijing yn Fryslan te stypjen. Op grün fan boppesteande sil it düdlik wêze dat syn fraksje fynt dat üs gemeente kieze moat foar in werskikking fan WGR-taken tusken gemeenten en provinsje. Hy ropt, tegearre mei de F.N.P. op it ynnommen stanpunt te wersjen. De foarsitter is fernuvere oer wat der sein is. Wurden mei de strekking sa't de hear Roorda dy sprekt hat hy net yn e öf- dieling heard. It stanpunt fan de hear Van der Baan hat te krijen mei it prinsipe dat it bestjoer sa ticht mooglik by de minsken lizze moat. As dat sa is dan is it saak om de dingen safolle mooglik op üs eigen hiem te halden. Dan kin it barre dat der omstannichheden binne, bygelyks fan finansjele aard as fanwe- gen in gebrek oan saakkundigensdat der gearwurke wurde moat. Dêr is de WGR foar ütfün. De WGR Idji wurkje. It is düdlik dat de hear Van der Baan it kolleezje stipet by de gedachte dat de ta ken net fierder fan hüs brocht wurde moatte dan no it gefal is. We moatte ek tenminsten sa't de hear Bouma seit de han yn eigen boezem stekke. De belutsenheid fan üs gemeente, mar ek fan oare gemeenten is hiel lyts. N0T19OKT/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 10