As der konstatearre wurdt dat in tal saken mis gean dan sil sa as ek de Fryske Akademy sein hat der wat barre moatte. Der moat mear oer dizze problematyk praten wurde. Yn elts gefal bart dat no fierstente min. It kolleezje fynt dat der dêrom earst neigien wurde moat wat der mis is yn'e regio. De belutsenheid fan'e ge meenten by de regio moat ferbettere wurde. It loket fan'e gemeen te is foar de boargers better te finen dan it loket fan it provinsjaal bestjoer. Der wurdt yn üs gemeente nea oer de stik ken fan de regio praten. Sa nimme we üs ferantwurdlikheid net op in goede wize. It kolleezje nimt wat öfstan fan itjinge it provinsjaal bestjoer seit. Wat de provinsje wol sil der ta liede dat in protte taken fan it gemeentlike hiem ferdwine. It kol leezje besint him optheden oer it kommisjestelsel. Hy is fan doel yn it kommisjestelsel fêst te lizzen hoe't der oer de regio nale saken praten wurde moat. It is him yn de réaksje fan de hear Van der Baan net düdlik wurden wat dy dan wol oars dan alle saken by de gemeente te litten. En dat freget in gans oare konklüzje. Miskien is it wol goed dat it kolleezje foarsichtich en behaldend is sa't de hear Roorda opmurk en net te gau de din gen te fersmyt dy't net weismiten wurde moatte. Foardat we de han yn eigen boezem stutsen hawwe fynt it kolleezje it net ferstannich ta werskikking fan taken oer te gean. De hear Van der Baan seit dat de WGR yndied wurkje lyui mar spitigernöch wurket it net. De regiofoarming hat düdlik makke yn de praktyk dat hy net it doel tsjinnet wat we foar eagen hawwe. It grutste beswier is dat as der in bestjoer is dat kontrolearre wurde moat. Seis yn de meast optimale foarm is dat net mooglik. Yn de regio's binne ommers net iens alle politike partijen fertsjintwurdige. Dy partijen steane dus buten spul. It tal kearen dat der oer de regio praten wurdt is net sa grut. Bop- pedat is de absinsje grut op'e gearkomsten. De yndruk bestiet dat it wol sa wat giet. Werklike bestjoerskrêft giet der, as jo de ferslagen léze, yn elts gefal net fan de regio üt. It kol leezje wol krekt as syn fraksje dat de taken tichtby de minsken lizze. As guon fan dy taken dan dochs te grut binne foar de ge meente dan moatte dy nei in hegere bestjoerslaach en dat is dan de provinsje. Fryslan is no ek wer net sa ferskuorrende grut dat we it sicht net mear op dy taken hawwe soene. Sa'n konstruksje tsjinnet yn elts gefal wol de demokrasy, better dan de regio s dat dogge. Yn gefallen dat de taak krekt wat te grut is foar üs gemeente kin der fansels gearwurke wurde mei buorgemeenten. As foarbyld neamt hy it opheljen fan hüssmoargens wêrby de gemeente Smellingerlan byspringt. Dat is in praktyske en goedkeape wize. Hy stiet der op oan dat safolle mooglik taken by de gemeente bliuwe. Dêmeist in praktyske gearwurking mei oare gemeenten. De trijedieling bliuwt foar syn fraksje it meast ideale. De regio bliuwt hy absoluut öfwizend tsjinoer stean. De hear Breeuwsma is femuvere dat de foarsitter net wist dat der sa oer dit ütstel praten wurde soe. Der sitte dochs minsken yn it kolleezje dy't it stanpunt fan harren fraksje dochs wol oerbringe. Der is yndertiid al in weromgong fan 4 as 5 nei 3 regio's west wêrby de minimale taken oan de regio's tadield binne. Der binne altiten taken dy't boppegemeentlik binne en dy't it béste op regionaal nivo dien wurde kinne. Hy hat de yndruk dat it kolleezje ek dy miening hat. Omt der net safolle fan de regio üt giet is dy regio ek net sa bekind by elkenien.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 11