- 8 - De regio wurket yn stilte oan wat de gemeenten seis net oan- kinne. Finansjele beslissingen moatte altiten noch troch de gemeenterieden nommen wurde: it demokratyske gehalte is goed genöch. Hy kin him net begripe dat der sa dreech dien wurdt oer sokke fanselssprekkende saken. De hear Renia seit dat de ledengearkomste fan syn partij deroer tinkt sa as troch de hear Roorda nei foaren brocht is. Hy wie der seis fernuvere oer dat dit stik fan it kolleezje kaam. Syn fraksje is it mei it kolleezje iens dat safolle mooglik taken op eigen hiem dien wurde moatte en wat yn de regio bart is mar mini maal. Mar it is wol sa dat wat yn de regio bart him üntlükt oan alle demokratyske kontróle. De regio is foar him in fergadercir- cuit fan boargemasters en wethalders wêr't sa no en dan in riedslid oan te pas komt foar de plenêre sittings. No is der ek in oare beweging geande, nammentlik dat de trije regio's ek al wer te lyts binne en dat der wurke wurdt nei ien regio. Sjoen dy üntwikkeling fynt syn fraksje dat de regio as bestjoerslaach der tuskenut moat. Dêrom wol hy it eksperimint bestjoerlike fer- nijing oangean sünder fuortendaliks de WGR op te heffen. De hear Roorda ferwachtet neat fan in strakker hantearjen fan de WGR. Hy fynt dat it kolleezje in achterhoedegefecht haldt. It liket wol as wol it kolleezje de bestjoerlike femijing opkeare. De foarsitter hat him net oertsjüge. De foarsitter seit dat it yndied sa liket te wêzen dat gjin lid fan de ried waarm rint foar de regio. De riedsleden dy't yn de regio sitte moatte weromkeppelje. Salang as hy no yn Boamster- him is hat noch net ien sein dat der ris djipgeand oer weromkep- peling fanüt de regio praten wurde moat. Mar is it net waarm rinnen foar de regio dan it motyf om de gearwurking op te hef fen? De regio's funksjonearje yn it hiele lan oer it generaal net. Wurdt it dan net tiid om ris nei te gean oft de systematyk oanpast wurde moat? It is de fraach ek oft we achter de lanlike üntwikkeling oanrinne wolle. De regio wurket yndied yn stilte sa't de hear Breeuwsma sein hat. It kolleezje fynt dat yn elts gefal neigien wurde moat oft de regio ek better wurkje kinne soe. Hy is it net iens mei de hearen Renia en Roorda dat de re gio ünkontrolearber is. De gemeentlike fertsjintwurdigers binne ferantwurding ferskuldige foar de besluten fan de regio oan de gemeenteried. Na gehouden stemming blijkt het voorstel van het college met 9 tegen 8 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden De Vries, L. Veldstra, Van der Baan, Renia, Bethlehem, Koot, Roorda en H. Veldstra. 5Voorstel tot aankoop van gronden in verband met de realisering van een atletiek- en ijsbaan te Grou. Wethouder Aukes zegt dat het bedrag van f 64.000,00 betrekking heeft op de waarde van de ingebrachte ruilgrond. De hear Van der Baan seit dat yn eardere riedsgearkomsten syn fraksje düdlik makke hat dat hy net ynstimme koe mei de wize fan ütfiering fan de grünoankeap foar sportkompleks Meinga. N0T190KT/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 12