- 12 - De hear Bouma hat der wol betrouwen yn dat it wat de kredyt- bewaking oanbelanget takom jier better wurde sil. De organisaa- sje sa't dy der op dit stuit hinneleit mei lykwols gjin ekskuus wêze. Ek ütsein de ynterne reorganisaasje moat der in goed ynsjoch wêze. As der in neidielich saldo west wie wie der fêst hiel oars praten. Mevrouw Van den Berg herhaalt de vraag aan het college het be stuursplan bij te stellen. Ook vraagt zij wat voor kracht het nog heeft nu er een tekort van 1,2 miljoen op de begroting voor 1994 is. Haar fractie beziet in dat licht namelijke de besteding van de gelden in maatwerk Soza. In het bestuursplan is nieuw belied opgenomen en een uitzetting van beleid, maar is dat nog wel reëel? Er wordt met een eenmalig bedrag structureel beleid ingevuld. Is dat wel verantwoord? Het is niet zo dat haar frac tie niet mee wil werken aan beleidsverruiming maar het gaat er nu om of dat in het licht van het bestuursplan en de tekorten nog wel kan. De hear Veldstra it tefreden mei de antwurden. Hy is der ek mei ynnommen dat de foarsitter opmurken hat dat it belied oangeande asylsikers net lizzen bliuwe kin. De foarsitter seit dat de winsk om te stjoeren ien is, mar de ynfolling is twa. Dêr is mear foar nedich dan allinne papier. Dêr binne minsken foar nedich dit it stjoeringsynstrumint han- tearje kinne. Yn de hjoeddeistige organisaasje is dat net mooglik. Der moatte oare öfspraken makke wurde; ek it bestjoer moat der oars mei omgean. Hy hopet dat der takom jier yn de nije organisaasje op in oare wize oer dizze saken praten wurde kin. De konsept-begrutting foar takom jier sjocht der net sa moai ut. De ried mei fan it kolleezje in slutende begrutting ferwachtsje. Yn de earste wiziging fan dy begrutting sil it kolleezje oanjaan hokfoar maatregels der nommen wurde moatte om net allinne de begrutting foar 1994 slutend te meitsjen mar ek de mearjier- renramingen foar de folgjende jierren. It leit foar de han dat it belied op ünderdielen bysteld wurde moat. Hy freget oan de ried wol de besteging fan jilden foar de opfang fan asylsikers breed te stypjen. Wethalder De Boer seit dat, sa as wol bekind is, de gemeente fan it ryk jild krijt foar de opfang fan flechtlingen en asylsikers. Der is besocht it ekstra wurk dat dêr mei gearhinget yn te pas sen yn it wurk fan de amtners fan sosjale saken. Dat is net slagge. It is de bedoeling yn in koarte perioade minskkrêft en finansjes yn te setten om it wurk goed op de rails te krijen. Dêrneist sil der ek wurke wurde oan it minimabelied. Ek dat is hurd nedich. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie tegen het voorstel, onderdeel 3, zal stemmen omdat niet bekend is hoe het college de begroting wil bijstellen. De reserve maatwerk Soza moet niet op voorhand worden bestemd voor bepaalde beleidsvoornemens. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje ek tsjin ünderdiel 3 fan it ütstel stimme sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fracties van C.D.A. en F.N.P. worden geacht tegen onderdeel 3 te hebben gestemd. N0T19OKT/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 16