- 2 - De hear Bouma seit dat as wy gjin subsydzje jouwe wy ien fan'e wenigen binne dy't net meiwurkje. Oare gemeenten en ek de pro- vinsje stypje it kongres wol. Syn fraksje wol graach dat it kolleezje it fersyk noch in kear besjocht. De foarsitter seit dat it kolleezje kennis nimt fan de stanpun- ten. De hear Veldstra seit dat ek de Kommisje Frede en Solidariteit subsydzje jün hat. Nummer 13 en 14: De hear Bethlehem freget der omtinken foar dat der dochs goed besocht wurde moat in oplossing te finen. Wethouder Aukes zegt dat de commissie Reduzum Süd probeert een oplossing te vinden. Nummer 16: De hear Van der Baan seit dat op 1 oktober lêstlyn de Freonen fan Wergea besletten hawwe de saak rêste te litten omt der gjin oplossing foar hannen is. It femuvert him dan ek dat der no in brief fan D66 komt. It is irreëel wat se dogge omt der fan alle kanten sein is dat der gjin iepening mear is. De foarsitter seit ta dat de opmerkings fan de hear Van der Baan meinommen wurde sille by de beantwurding fan it brief. De earste öfdieling wurdt op'e hichte brocht mei it antwurd dat it kolleezje skriuwe sil. Nummer 17: Mefrou Veldstra fynt dat dit stik meinommen wurden moat yn'e ütwurking fan de Wet WVG yn ds gemeente. Wethalder Nieuwdam seit dat dit brief in oantrun is om ek oan- geande de visueel beheinden wach te wezen. De ingekomen stukken worden overigens voor kennisgeving aangeno men. 3Mededelingen. Punt 3: Mefrou Veldstra seit dat de minister fan WVC nei it yn earste ynstansj e weromlüken fan it plan ta besuniging seker weromkomme sil. It is om no mar te sizzen stilte foar de stoarm. Troch in protte aksjes hawwe de fersoargingshuzen, de aldereinbünen witte litten dat se net akkoart geane mei de besunigings. It belied fan'e minister bringt in protte minsken yn it üngewisse. It regear tinkt neffens har net nei oer de grutte gefolgen. Har fraksje stelt it tige op priis dat it kolleezje yn petear gean wol mei de beide fersoargingshuzen. Se rekkent derop dat de dtslach fan it petear weromkomt yn de ried. Docht bliken dat der dan dochs besunige wurde moat dan hat har fraksje in moasje klearlizzen. N0T190KT/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 6