De hear Renia fynt it in ferstannich beslüt omt it aitematyf fan seis ynvestearre yn in goede K.C.A.-auto djoerder ütfalle soe. Gearwurking mei in oare gemeente is in goede saak. It feit dat it no ien kear yn'e twa moanne ophelle wurdt haldt in regel- mjittichheid yn dy't wichtich is en wêrtroch it opheljen ek noch goedkeaper kin as it earste ütstel fan 10 kear jiers opheljen. Hy hat al faker opmurken dat it sa goedkeap mooglik moat omt oars de wal it skip keart en de minsken, omt it te djoer wurdt, harren K.C.A. net mear apart oanbiede sille. Direkte foarljoch- ting is hiel wichtich. It is eins te gek dat der in protte jild ütlutsen wurde moat foar saken sa as batterijen dêr't best staasjejild foar frege wurde kin. Dêr moat wol algedurigen omtinken foar frege wurde yn Den Haach. Wethalder Nieuwdam is bliid mei de positive réaksjes. It is wichtich dat der no mear omtinken oan it bütengebiet bestege wurde sil. Oer de foarljochting wurdt tocht. Yn elts gefal sil dat dat barre by de ütjefte fan de K.C.A.-boksen en yn'e Mid- Frieslander. Hy sil nochris neigean hoefolle papier der troch de gemeente ophelle wurdt en hy komt dêr yn'e ófdieling op werom. Mefrou Santerna wiist derop dat men ek altiten it K.C.A. by it depot op'e Blikpolle bringe koe. Hoe komt dat no. De hear Oosterhof seit dat foar neat de sinne op giet. Hy hat der alle betrouwen yn dat de boarger syn bést dwaan sil it öffal safolle mooglik skieden oan te bieden. De hear Renia is it dêr folslein mei iens. Hy warsköget der allinne mar foar dat der in oar ophelsysteem, as foarbild neamt hy staasjejild, komme moat omt it hjoeddeistige aanst te djoer wurde sil. Wethaler Nieuwdam seit dat der in lyts depot op'e Blikpöle bliuwe sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 5. Voorstel tot het garanderen van een geldlening. De hear Van der Baan seit dat der in tige optimistysk ferhaal oan dit ütstel keppele is oer it weromkrijen fan'e lésten troch it runbringen fan waarm iten. Hy hat twifels by dizze konstatear- ring omt de ferwachting is dat de subsydzje fermindere wurde sil. Der komt by dat it mei it runbringen net sa hurd giet. Frijwilligers sitte der net om te springen dit wurk te dwaan. De foarsitter seit dat Deputearre Steaten de plannen goedkart ha. As dy plannen no optimistysk as pessimistysk binne, it kolleezje seit ta de finger oan'e pols te halden. Elts jier komme de stikken op'e tafel en kin der nei de eksploitaasje sjoen wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. - 4 - NOT16NOV.1/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 7