6Voorstel in verband met de subsidie-aanvragen van diverse instan ties De hear Bouma is der bliid mei dat der oer de oanfraach fan Medi umpop advys frege wurde sil en dat it fersyk fan FYK honorearre wurdt. Mefrou Veldstra begrypt wol dat de gemeente gjin Sinterklaas spylje kin. It kolleezje stelt no ut om f 200, 00 beskikber te stellen foar it kongres fan it FYK. It is bekind dat de oanf raach foar in heger bedrach dien is. Sy wol graach dat opnommen wurdt dat de kommisje Frede en Solidariteit üt syn eigen budzjet f 1.000,00 beskikber steld hat. Mevrouw Van den Berg vraagt hoe het precies met het advies be treffende Mediumpop zit. En wordt het FYK nu uit onvoorzien 1993 of 1994 betaald. De hear Renia fynt it tige spitich dat guon hiel aardige dingen net subsidiearre wurde kinne. Sa'n listke as ditte is foar him wer oanlieding om omtinken te freegjen foar in oare wize fan omgean mei it jild dat oan wolwêzen bestege wurdt sadat der ek ris jild bestege wurde kin oan oare saken dêr't ek in protte sympathy foar bestiet en dy't echt wat bijdrage oan it stimulear- jen fan keunst en kultuer. Hy hat dêr wol faker op oantrune. Wethalder Nieuwdam seit dat de Wolwêzenskommisje advisearje s_il oer de oanfraach fan Mediumpop. Op de list foar 1994 komt Medium pop net foar. De kommisje sil by in posityf advys ek oanjaan moatte üt hokfoar pot dat jild komme moat. De kommisje Frede en Solidariteit hat üt eigen middels f. 1000,00 jün. De kommisje sil seis oan it FYK dat wol kenber meitsje. Hy fynt it net need- saaklik dat de gemeente dat docht. De gemeente hellet syn bydrage üt ünfoarsjoen 1993. Fan it pleit fan de hear Renia om nochris te sjen nei in oare wize fan it besteegjen fan jild foar wolwêzen nimt hy nota. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 7. Voorstel tot het vaststellen van m2 grondprijzen in het bestem mingsplan Sibrandabuorren en tot het beschikbaar stellen vaneen krediet voor het bouwrijpmaken van het betreffend gebied.^ De hear Van der Baan komplimintearret it kolleezje mei it posi tive risseltaat fan dit bestimmingsplan. Ek bouwen yn lytse doarpen kin dus hiel goed. Somtiden kinne sokke lytse doarpen as foarbyld tsjinje foar de gruttere. De ynset fan'e bewenners is hjirby tige wichtich. Hy seit dat it yn Jimsum no krekt wer oarsom is. Der binne wol 14 keapers, mar it bestimmingsplan is net klear. Hy trunet der op oan dat dat sa gau mooglik klear- makke wurdt. De hear Renia neamt it in goede saak dat der ek op lytse^ doarpen mei fertsjinst bouw wurde kin. It liket op it stuit hiel goed mei de ferkeap mei bouwkavels yn'e lytsere doarpen. Mar, sa as bekind is it grunbedriuw noch lang net sün. Hy freget him óf hoe't dat no kaam is. Want yn 1990 is der in reserve fan 5 mil joen yn stoarten. Doe waard sein dat fan'e rinte fan dy reserve de tekoarten dutsen wurde koene. NOT16NOV.l/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 8