- 10 - 16Voorstel tot het herbenoemen van bestuursleden van de Stichting Jachthaven Wartena. Mefrou Santerna seit dat de jachthaven ten oansjen fan it behears- gebiet de Alde Feanen fan in grutte betsjutting is. Yn de konsept-nota stiet dat der in besikerssintrum yn Warten komme sil. No hat sy heard dat der in petear tusken It Fryske Gea en de VVV yn Earnewâld west hat om yn Earnewâld it besikerssintrum del te setten. Sy fynt dat seker besocht wurde moat ek Warten in kâns te jaan. Ek Warten leit ticht by de Alde Feanen, dy't noch altiten yn Boarnsterhim lizze. De foarsitter seit dat hy it mei mefrou Santema iens is. De nota oer it behearsgebiet de Alde Feanen komt noch yn'e ried oan'e oarder. Yn dy nota wurdt omtinken jün oan it besikerssintrum en it plak dêrfoar. De suggestje om dat yn Warten del te setten is seker noch net fersmiten. De heren J. Mink en G. Bouwmeester worden bij acclamatie herbe noemd als lid van het bestuur van de Stichting Jachthaven Wartena. 17Voorstel tot wijziging van de gemeenschappelijke regeling voor de onderwijsbegeleiding in Friesland. Wethâlder De Boer antwurdet mefrou Veldstra op har fraach oft de fertsjintwurdiger fan üs gemeente net fersomme hat melding te meitsjen fan'e besunigingen, dat dy fraach net oan'e oarder is. It giet hjir om in wiziging fan de mienskiplike regeling. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 18Voorstel tot aanwijzing van leden van de stuurgroep G.C.0. Mefrou Veldstra hie graach earder in goed eksemplaar fan de twadde side fan it útstel hawwe wollen. Mevrouw Van den Berg vraagt wanneer de aanwijzing van de twee leden uit de raad zal plaatsvinden. De hear Renia tinkt dat dat no oan'e oarder is en stelt de hear Veldstra kandidaat. De hear Bouma stelt mefrou Santema kandidaat. De hear Breeuwsma seit dat hy, no't it liket dat der no twa riedsleden oanwezen wurde, mefrou Van den Berg kandidaat stelt om rjocht te dwaan oan it feit dat der ek twa soarten skoallen yn üs gemeente binne. Wethâlder De Boer dielt mei dat de Gemeenschappelijke Medezeggen schapsraad de hear K. Wieling foardraacht. Utgongspunt foar de stjoergroep is de konsensis dy't oant no ta ek altiten bestie tusken iepenbier en bysûnder ûnderwiis. Krekt om it iepenbier ünderwiis in selde stimrjocht te jaan wurdt dit ütstel dien. N0THDEC/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 12