- 12 - De hear Veldstra seit dat neidat op it léste stuit ien skoalle ôfheakke de fúzje wer opnij mei faasje oppakt is. Troch dit twadde fúzjerapport is der mear romte üntstien om it personiel yn'e nije organisaasje yn te passen. Ek finansjeel sjocht it der goed út foar de nije skoallemienskip. Hy hat alle wurdearring foar de ynset ta behâld fan it fuortset ûnderwiis yn Akkrum en Grou. Mefrou Sant erna fynt it yn it foarste plak wichtich dat bern fuortset ûnderwiis yn ús eigen gemeente folgje kinne. Koe dat net mear dan soene bern al nei de gruttere plakken moatte foar it fuortset ûnderwiis dy't dér noch lang net oan ta binne. Dat it no sa is dat se noch yn eigen gemeente bliuwe kinne fynt sy in felisitaasje wurdich oan al dyjingen dy't harren dêr foar ynsetten hawwe. Wethâlder De Boer betanket de ried foar de positive wurden. Sy sil de tank oerbringe oan dy minsken dy't it fertsjinne hawwe. Foar it twadde fúzjerapport is gjin kredyt nedich. De oerdracht fan gebouwen wurdt troch de ferskate gemeenten besjoen om dat op in earlike wize ferrinne te litten. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 24Voorstel om het sportcomplex "De Twine" op te heffen als tak van dienst. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 25Voorstel tot het opheffen van de commissie Openbare Bibliotheek. Mefrou De Vries seit dat dit útstel temjitte komt oan de winsk fan har fraksje om ta te gean op in nije kommisjestruktuer wêryn de skieding fan belied en útfiering en belied en advisearring stâl krijt. By in útfiering wat mear op ôfstân heart ek budzjet- finansiering. Spitigernôch komt dit útstel foar de bibleteekkom- misje op in ûngelokkich momint. It hie better west as de fersels- stanniging al plakfûn hie foardat de besunigingen om'e hoeke kamen. Faaks hie de bibleteekkommisje dan ek op in oare wize syn belangen ferdigenje kinnen. Wethâlder Nieuwdam is it mei mefrou De Vries iens dat dizze operaasje op in ûngelokkich momint plakfynt. Nettsjinsteande dat is dit in goed begjin fan in nije wurkwize oangeande kommisjes. De hear Van der Baan seit dat alhoewol't syn fraksje ynstimt mei dit útstel dat net sizze wol dat hy ynstimt mei alle nije struk- tueren wat de kommisjes oanbelanget. Oer dy nije kommisjestruk- tueren moat seker noch wiidweidich praten wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT14DEC/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 14