- 2 - Wethâlder Nieuwdam seit dat de gemeente oant no ta in eigen ôfnimmer hat en dat dêrmei in goed kontrakt sletten is. Hy seit ta dat der yn gearhing mei dit brief nochris yn'e ôfdieling oer it âld papier praten wurde sil. Vervolgens worden de ingekomen stukken voor kennisgeving aangeno men. 3Mededelingen. De foarsitter dielt mei dat punt 13 behannele wurde sil yn'e gearkomste fan 20 desimber omt dan alle kontrakten tekene binne. Nummer 2 Mefrou Veldstra stelt út yn in pear gefallen de 2e as 3e ôf- dieling in wike earder te hâlden. Foar in lytse fraksje is it eins net te dwaan dat der fjouwer gearkomsten yn ien wike pland wurde. Se is der net foar de begjintiid fan'e riedsgearkomsten nei 20.00 oere te bringe. Mocht dat al trochgean dan soe sy graach ek in eintiid ôfprate wolle. Mevrouw Van den Berg wil ook de aanvangstijd van de raadsvergade ring op 19.30 uur houden. Op 9 maart en 2 november is er bid- en dankstond. Haar fractie is dan gewoon naar de kerk te gaan. Mis schien is het mogelijk die data te veranderen. Mefrou Santerna fynt ek dat de riedsgearkomste om 19.30 oere begjinne moat. Wurdt it al 8 oere, dan moat der in eintiid steld wurde. De hear Oosterhof is it iens mei in begjintiid fan 20.00 oere. Der kin neffens him wol koarter fergadere wurde. De foarsitter seit dat it kolleezje graach de ôfdielings- en de riedsgearkomsten op'e selde tiid begjinne litte wol. Foar de organisaasje is it ek better in bepaald ritme yn'e tarieding en'e beslútfoarming te hawwen. It leit fansels oan'e ried seis hoelang in gearkomste duorret. Neidat hy der nei frege hat docht bliken dat de ried wol akkoart giet mei it gearkomsteskema. De fraksjes fan F.N.P. en C.D.A. en mefrou Santema jouwe oan dat sy tsjin binne om boppeneamde rede nen. Nummer 3 De hear Breeuwsma fynt it op himsels goed dat der safolle nije projekten oandrûgen wurde. Mar fan de finansiering fan it gemeen- tlike part sil neat telâne komme. Op'e begrutting foar 1994 stiet f. 37.000,00 en op'e mearjierrenrûzing is neat opnommen wylst der foar alle plannen in gemeentlike bydrage fan 6,5 mil joen nedich is. Hy liuwt der net yn dat dizze plannen al- legearre útfierd wurde kinne en it kolleezje fêst ek net. Hoe't dit presintearre is kin echt net. De hear Bethlehem seit dat syn fraksje wol optimistysk is oer de kâns fan útfiering fan'e plannen. Hy fynt de oantsjutting fan de plannen foar Akkrum net dúdlik. N0T14DEC/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 4