- 7 - Mevrouw Van den Berg wil graag inzage in de samenwerkings-over eenkomst met Ballast Nedam. Zij vraagt zich af tot hoever de samenwerking met de private sector gaat, vooral in de praktijk. In dit geval financiert de gemeente voor en daar is haar fractie niet zo gelukkig mee. De hear Oosterhof is bliid mei de wurden fan de foarsitter dat der eins mear wetter komme moatte soe as dizze 60 ha. De foarsitter seit dat it kolleezje bliid is mei de ynstimmende wurden fan de ried. De riolearing is noch in punt fan omtinken. It giet benammen om it technyske probleem. It gemeentebestjoer sil der net finansjeel by belutsen wurde. It kolleezje is fan betinken dat it goed is dat der rûnom Grou mear wetter komt. Mear wetter kin bydrage ta de ferbettering fan de toeristyske- rekreative ynfrastruktuer. Dat kin yn harmony mei de belangen fan de natuer en de lânbou. Fan foarfinansiering is gjin sprake. De gemeente is inkeld in trochjoulûk foar it oerheidsjild. Dat oerheidsjild kin best ris earder by de gemeente wêze dan dat it trochbetelle wurdt en dêrom is de konstrúksje foar de gemeente net ûnynteressant. Hjoeddedei binne ditsoarte projekten sünder dielnimming troch de partikuliere bedriuwen net mooglik. De gearwurkingsoerienkomst mei Ballast Nedam komt op besjen te lizzen. Gearwurking mei partikuliere bedriuwen sil net fierder gean dan dat finansjeel mooglik is. De hear Van der Baan is der bliid mei dat de riolearing gj in ekstra kosten foar de gemeente opsmite sil. It idee dat mear wetter ek mear mooglikheden jout is net op foarhân wier. Hy tinkt dat benammen it wer iepen meitsjen fan âlde ferbinings gruttere mooglikheden biedt. Hy tinkt dan oan'e ferbining nei Aldeboarn ta oer de Botmar. Ditsoarte mooglikheden moat in hegere prioriteit hawwe. Se binne ek goedkeaper omt it ütheljen fan sân nochal dj oer is. De foarsitter is it mei de hear Van der Baan iens dat lytse ferbinings fan grut belang wêze kinne en dat it graven fan mear wetter dj oer is. Foar de gemeente is it de keunst om te sjen wêr j ild wei te heljen is. It kolleezje wol dat yn elts gefal besykje. It liket him in goede saak it wetterareaal te ferdûbel- jen en dat hoecht net perfoarst op kosten fan de natuer te gean. Wat mear iepen wetter is foar de ynfrastruktuer rün Grou fan grut belang. De hear Van der Baan hat de yndruk krigen dat de foarsitter der op ta wol noch mear as 60 ha wetter te winnen. As dat sa is dan wol hy sizze dat ferbinings oer it wetter syn earste prioriteit hawwe. De foarsitter seit dat de skets mei 60 ha wetter in goede saak is, dy't ek past yn de fisy fan de ried op de ûntjouwing fan Grou. Hy fynt lykwols dat it te beheind is. Mear wetter njonken dy 60 ha soe net ferkeard wêze. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT14DEC/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 9