- 2 - 2Ingekomen stukken. Nummer 8: Mefrou Veldstra freget oft de wethâlder al prikken yn it wurk steld hat om te kommen ta in wurkgroep foar beheinden. Wethâlder Nieuwdam seit ta dat der omtinken is foar de wurkgroep fan beheinden. Nummer 12 De hear Bouma fynt it, los fan de goede bedoelingen net op de wei fan üs gemeente om hjiroan mei te dwaan. De gemeenten dêr binne seis ferantwurdlik. Mevrouw Van den Berg vindt het geven van geld een eigen verant woordelijkheid van de inwoners van onze gemeente. De foarsitter seit dat it kolleezje dit riedsbeslút fan Enkhuzen foarlein hat oan'e regio. Ek wat troch de hear Bouma en mefrou Van den Berg sein is sil meiwûgen wurde yn it ynnimmen fan in stânpunt. Der sil noch oer it risseltaat yn'e earste ôfdieling sprutsen wurde. Nummer 16: Mefrou Veldstra seit dat it kolleezje neilitten hat it belieds- plan op'e tiid te besprekken en in stânpunt yn te nimmen. Hjir- troch is der in vacuum ûntstien mar dat rjochtfeardicht net dat der dan in rigoreuze besuniging trochfierd wurdt. Har fraksje fynt dat earst it beliedsplan besprutsen wurde moat foardat it beswierskrift yn'e Arob-kommisje komt. Wethâlder Nieuwdam seit dat dit beswierskrift de reguliere wei heart te gean. Dat stiet lykwols los fan oare aktiviteiten fan it kolleezje. It kolleezje sil ynkoarten mei de bibleteekkom- misje prate. Vervolgens worden de ingekomen stukken voor zover niet anders vermeld, voor kennisgeving aangenomen. 3Mededelingen. De foarsitter dielt mei dat Deputearre Steaten ôfrûne wike de begrutting foar 1994 goedkart hawwe. Nummer 2 De hear Ren ia seit dat syn fraksje fynt dat de amtners ridlik reëel binne as se sizze dat sa'n proef mei in komposttoilet op starten wurde moat. It is ommers ûnmooglik aanst alle panden yn it bûtengebiet op de riolearing oan te sluten. Syn fraksje fynt dizze proef in goede saak, boppedat bliuwe de kosten binnen it budzjet. Mefrou Santema seit dat der no miskien wol wat gniist wurdt oer it komposttoilet mar aanst, as de proef wat opsmiten hat, komme dy gnizers wolris om te sjen hoe't it giet. Dizze kreative oanpak sprekt har wol oan. NOT15FEB.94/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 6