- 9 - Dat der yn regioferbân ûnderhannele is hat te krijen mei it feit dat jo kollektyk sterker steane en dat hat syn ynfloed op saak- kundigens en priisstelling. Guon riedsleden wolle op inkelde punten in foarriedich beslút nimme. Dêr is hy net sa gelokkich mei omt it de düdlikheid, ek nei de kliënten ta, net befoardert. Der is yn regioferbân ek praten oer in kollektyf ferfierssysteem wêrtroch alle minsken dy't hjirfoar yn oanmerking komme deselde foarm fan ferfier oanbean wurdt. Yn dat ramt is it ek wichtich dat de pleatslike taksi-ûndernimmers yn it projekt opnommen wurde. Dy eask is ek oan de FRAM steld. Yn it ferf ierssysteem sil dan de FRAM it earste oansprekpunt wêze en hat de FRAM de plicht mei de taksi-ûndernimmers te praten. It is him al düdlik wurden dat de petearen tusken dy beide partijen net al te maklik ferrinne. It is him ek bekind dat net alle taksi-ûndernimmers op'e selde wize reagearje nei de FRAM ta. Net fergetten moat wurde dat de doelgroep grutter wurdt en de middelen lytser. Yn safier is der in weroriëntaasje nedich fan de sitewaasje foar en nei 1 april. It kolleezje mient dat it kollektive systeem dat troch de FRAM oanbean is op in tal punten oantreklik is. Hy neamt dan de priis en de kontinuïteit en de kwaliteit. Foar de regyfunksjes dy't de FRAM op him nimme sil is uteraard in priis berekkene. De FRAM hat yn syn oanbod ek meinommen dat 65+ers foar iepenbier-ferfiertaryf gebrûk meitsje kinne fan de taksi. Yn it gefal dat de taksi-ûndernimmers seis mei in systeem komme moat der wol rekken mei hâlden wurde dat de kosten fan klachten- ôfhanneling en de regy foar rekken en op it buordsje fan de ge meente komme. De sekundêre betingsten binne dus dreger yn it gefal de taksi-ündernimmers is ferfiersysteem op harren nimme. Foarearst hat it kolleezje keazen foar it kollektive ferfiers- systeem mar hy fynt it prima dat der noch in kontra-ekspertise komt of dat de taksi-ündernimmers earst tydlik it ferfier op har ren nimme. Mar der sil wol op 1 april wissichheid wêze moatte. De hear Van der Baan seit dat hy beharket dat de wethâlder syn twifels hat oer wa't aanst it ferfier op him nimme sil. Hy is der wol bliid mei dat de wethâlder ek net fynt dat it beslist nei de FRAM ta moat. De ûnderfining mei it handikaptenferfier sit nammentlik by de taksi-ündernimmers. It is tige ünferstan- nich dy jierrenlange ûnderfining oan'e kant te skowen. Dy ünder- fining heart krekt it ütgongspunt te wêzen. De monopoaljeposysje dy't de FRAM hat blykt ek wol út de wize wêrop de FRAM de taksi- ündernimmers beneiert. Al soe it djoerder wêze dan noch moat de taksi-ündernimmers foarrang hawwe. Hy fynt dat der yn elts gefal mear oanbiedings komme moatte om in süne konkurrinsje te krijen sawol wat it ferfierssysteem as de leverânsjes oanbelanget. Mei it grutter wurden fan it gehiel wurdt perfoarst de effisjinsje net grutter. Lytsskaligens is, ek yn ditsoarte fan saken in grut goed. Syn fraksje fynt dat de feroardening en de beliedsnotysje in foarriedich karakter hawwe moatte omt no noch yn'e kiif stiet wa't aanst leverje en ferfiere sil. Mevrouw Van den Berg zegt dat ook de taxi-ondernemers een collec tief vervoerssysteem kunnen garanderen; die doen dat nu ook al. Het was niet mogelijk door het "heilig" gemaakte regioverband heen te breken. Dat vindt zij erg jammer. Op dit moment is er tussen FRAM en de taxiwereld geen overeenstemming om met elkaar te werken. Het is ook een feit dat het aantal gebruikers per 1 april waarschijnlijk vrij klein zal zijn. NOT15MRT.94/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 11