- 10 - De doelgroep wordt wel groter maar alle 65+ers zijn niet per 1 april aanstaande al geïndiceerd om met het WVG-vervoer mee te kunnen. Voor de regiefunctie voor een gering aantal mensen moet de gemeente bijna f 60.000,00 betalen aan de FRAM. Dat is een veel te groot bedrag. Het lijkt haar het beste dat er een over eenkomst met de plaatselijke taxi-ondernemers tot 1 januari 1995 komt waardoor het vervoer zoals dat nu gedaan wordt door kan gaan. Zij is het met mevrouw De Vries eens dat we toe moeten op een aanvullend vervoerssysteem. Het is een prachtig toekomstper spectief. De directeur van de FRAM heeft echter zelf gezegd dat dat misschien gerealiseerd kan worden over 20 tot 25 jaar. Zij vraagt zich daarom af waarom er dan nu zo gehaast een overeen komst met de FRAM moet worden gesloten. De zorg die de gemeente moet bieden kan en mag niet gebagatelliseerd worden door de zeg gen: "en dan sjogge we letter wol". Mefrou De Vries seit dat it oanfoljend iepenbier-ferfiersysteem in moai takomstbyld is. Regearen is foarútsjen, wat dat oangiet is 20 jier noch net iens sa'n grut skoft. De foarkar fan har fraksje giet út nei in kollektyf ferfierssysteem mits de FRAM der út komt mei de pleatslike taksi-ûndernimmersSy wol noch net de konklúzje lûke dat der gjin oerienstimming komme soe tusken de FRAM en de lokale taksi-ündernimmersAs de FRAM der net út komt dan ûntstiet der in nije sitewaasje. In tydlike op lossing sa't oare fraksjes wolle is neffens har no noch te prematuer Mefrou Santerna seit dat har fraksje mear oanbiedingen hawwe wol ûnder oaren fan de pleatslike ûndernimmersSy is der gjin foarstanner fan no al in oerienkomst mei de FRAM óf te sluten omt noch net iens bekind is hoe grut de doelgroep is. Wethâlder Nieuwdam seit dat wat de FRAM ús biedt der goed út sjocht. Dêrmei seit hy net dat de pleatslike taksi-ündernimmers net mei in goed plan komme kinne al hat hy twifels oer de priis- stelling. Net oer de kwaliteit. Yn it plan fan de FRAM is de taksi-ûndernimmer de ferfierder en de FRAM de útfierder. As der in kontrakt mei de FRAM ófsletten wurdt foar in tal jierren dan sil dat foardieliger wêze dan in kontrakt foar in jier. Der binne net foar neat evaluaasjepunten ynboud en oan de hân dêrfan kinne yn de rin fan de tiid saken bysteld wurde. Hy is fan betinken dat der op saaklike grünen praten wurde moat net op emoasjonele, al kin hy him dy beneiering ek wol yntinke. Der is op dit stuit in manteloerienkomst mei de FRAM. De FRAM en de pleatslike taksi-ûndernimmer sille tegearre út de ynfolling dêrfan komme moatte. Hy wit dat der al taksi-ündernimmers út dizze regio mei de FRAM praten hawwe. De ûnrêst yn'e taksiwrâld is dus net folslein. Hy fynt it prima dat der earst ek mei de taksi-ündernimmers praten wurdt mar dan moatte wol de betingsten dúdlik steld wurde sadat der ek wier in ferliking plakfine kin. Der is no ek al wol in oanbieding fan de taksi-ündernimmers mar dy is net folslein. De regyfunksje op organisatoarysk en admini- stratyf mêd is by de taksi-ündernimmers no noch in wite flek. Der hat oangeande de leverânsje fan rolstuollen ensafuorthinne in ferlikend warenündersyk plakfün. De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 22.20 oere foar oerlis Hy weriepent de gearkomste om 22.35 oere. NOT15MRT.94/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 12