GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 15 maart 1994 om 20.00 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder), K. van den Berg-Wiersma, T. de Boer (wethouder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.A. de Vries en de heren J.A. van der Baan, J. Bethlehem, A. Breeuwsma, S. Bouma, Y. Dotinga, J.A. Koot, A. Nieuwdam (wethouder), A.P. Oosterhof, P.M. Renia, J. Roorda en H. Veldstra. Voorzitter: Secretaris de heer Y. Dijkstra, mevrouw A.M.E. van der Sluijs. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o De foarsitter iepent de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy bringt harren te binnen dat dit de léste offisjele rieds- gearkomste fan de ried yn dizze gearstalling is. Op 5 april is der in ófskiedsgearkomste foar dizze ried, wêr't eltsenien wolkom is. Hy stelt oan'e oarder: 1Vaststelling van de notulen van de vergadering van 15 februari 1994. Op fersyk fan de hear Bouma wurdt op side 6, by punt 10 de earste alinea ferfongen troch de folgjende tekst: "De hear Bouma seit dat der al faak oer dizze brêge praten is. Der waard dan ek wol sprutsen oer "de brug der zuchten". Der is al earder praten oer automatisearing fan de brêge mar de ried wie doe tinkt hy "in brêge te fier". Uteinlik komt it kolleezje no mei dit ütstel. Hy is dêr tige mei ynnommen. It ütstel kin üs seis wat jild opsmite. Hy freget oft it stikje kwetsbere technyk wol 10 jier mei kin. Dit yn ferbân mei de ófskriuwing" Op side 7 komt achter de twadde alinea oan: "It is in brêge mei frije trochfeart en dat moat yn prinsipe sa bliuwe. Boppedat giet it om twa soarten bedriuwen: bedriuwen dy't der al sieten en bedriuwen dy't pas letter kommen binne doe't de brêge feroare is. In paske- as kaaisysteem smyt tefolle problemen op. Syn fraksje kin dan ek, sa as al earder sein, folslein achter it kolleezje-ütstel stean". Op fersyk fan de hear Van der Baan wurdt op side 9 it wurd "liuwweardich" ferfongen troch "betrouber". De notulen worden met inachtneming van bovenvermelde wijzigingen en aanvulling vastgesteld. NOT15MRT.94/H/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 3