- 3 - De foarsitter konstatearret dat talitten binne ta de ried fan de gemeente Boarnsterhim mefrou De Vries, mefrou De Boer, de hear Lolkema, de hear Roorda, de hear Zijlstra, mefrou Aukes, mefrou Santema, de hear Oosterhof, mefrou Van den Berg, de hear De Ja ger, de hear Van der Meulen, de hear Van der Baan, mefrou Veld- stra, de hear Van den Berg, de hear Smittenberg, de hear Jonkers en de hear Postma. 4aOntslag van een directeur van een basissschool Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 5Voorstel tot herfinanciering van de rijks leningen/leningen der den woningbouw in verband met vervroegde aflossing en verstrek king gemeentegaranties voor vervangende leningen op de kapitaal- markt, alsmede verkoop van grond opstal voormalige kleuter school "Krobbehiem" te Akkrum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 6Voorstel tot het invoeren van Gemeentelijke Basisadministratie (G.B.A. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje fynt dat dit jild beskik- ber komme moat. Hy hat gjin beswier tsjin de dekking foar it earste jier, mar wol foar de rest as der dekking socht wurde sil troch besuniging op de begrutting. Dat fynt hy in frjemde foarm fan dekking. Syn fraksje fynt dat it hiele bedrach no yn ien kear dekt wurde moat út de reserves. Dan kin letter dy reserves wol wer oanfold wurde. De hear Roorda seit dat syn fraksje problemen hat mei it net op tiid sinjaleren fan de problemen op de ôfdieling Boargersaken. It is spitich dat pas yn sa'n let stadium maatregels nommen wurde en dat de problemen blykber noch net yn desimber by de begruttingsbehanneling bekind wiene. Koartsein, de gong fan saken fertsjinnet gjin skientmepriisMei de dekking giet syn fraksje akkoart. De hear Van der Baan seit dat de ried no konfrontearre wurdt mei it net op tiid yn gong setten fan saken dy't al folie earder moatten hiene. De omskriuwing fan de oarsaak sa't dy yn it útstel neamd wurdt fynt hy net terjochte omt jierrenlang fer- somme is om de automatisearing goed op gong te bringen. Dit útstel is dochs einliks wol it gefolch fan swakte yn it bestjoer. Syn fraksje is it mei it C.D.A. iens dat it hiele bedrach út de reserves dekt wurde moat. De foarsitter seit dat de lêzing fan de hear Van der Baan oer it ûntstean fan de problemen korrekt is. Mar de problematyk leit der en der moat driuwend in oplossing foar komme. It kolleezje soe in ferwyt treffe as der no neat oanpakt wurde soe. It kolleezje is de ried erkentlik foar de stipe. It kolleezje wie fan betinken dat as it hiele bedrach út de reserves weihelle wurde soe dat de ried yn'e ferlieding bringe kinne soe om by de kommende begrutting te sizzen dat dit probleem oplost is. Der sil romte fûn wurde moatte troch fierder te besunigjen. Mar it kolleezje hat der net folie op tsjin om de suggestje fan de hear Breeuwsma te folgjen. It soe goed wêze as de ried aanst by de begrutting noch wit dat der in stik reserve opbrûkt is. Foar de begrutting 1995 leit der dus noch in opdracht. NOT15MRT.94/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 5