- 5 - 11a. Voorstel voor het aanleggen van riolering op It String te Jirnsum. De hear Van der Baan sprekt fan in prematuer ütstel omt der noch net iens mei de bedriuwen praten is. Hy freget dêrom it ütstel werom te nimmen. Twads fynt syn fraksje de ynfalshoeke fan dit ütstel net sadanich dat hy fuortendaliks akkoart gean kin. As der nammentlik in yndustryterrein oanlein wurdt hearre der ek nutsfoarsjennings te lizzen. De twadde oplevering fan it yndu stryterrein hat ek noch net plakfün wylst der in bedrach fan 3 as 4 ton lizzen bleaun is foar asfaltering en riolering. Hy wol ek graach witte wêr't dy 3 as 4 ton bedarre is. De foarsitter seit dat der gjin sprake is fan in prematuer ütstel. Trije moanne lyn en justerjün is der mei de bedriuwen praten. Der binne no noch 4 bedriuwen dy't op it oerflaktewetter losse. Dy bedriuwen wolle dêr al lang wat oan dwaan en dat sil no barre. It yndustryterrein is eartiids oanlein sünder dat der oaral riolearing oanlein is, mar de priis dy't foar de grûn betelle waard wie dêr ek neffens. Der kin sprutsen wurde fan in goede koöperaasje tusken de bedriuwen en de gemeente. Mei dizze ton is der echt in goede oplossing wat de riolearing oanbelan- get. Wat de oanklaaiïng fan it terrein oangiet moat der ek noch it ien as oar barre. Ek dêroer wurdt mei de ündernimmers yn Jirnsum praat krekt as oer de bebuording dy't de minsken nei de bedriuwen wize moat. De hear Van der Baan bliuwt derby dat de ried ek goed witte moat hoe't it komt. Oer jild is neffens him net mei it bedriuwslibben praten. Bliuwt ek noch de twadde oplevering. Dêr is dochs in ferplichting fan de gemeente? De riolearing hie dêr ek yn belut- sen wurde kinnen. Hy wol yn elts gefal noch fan it kolleezje hearre hoe't dat no krekt sit. Mar as de ündernimmers akkoart binne mei dit ütstel dan kin syn fraksje ek ynstimme. De foarsitter seit dat it kolleezje op grün fan'e petearen mei de ündernimmers de ferwachting hat dat dy f 60.000,00 betelje sille oan'e riolering. Op de fraach oer de twadde oplevering hat hy gjin antwurd. Mar by de oanlis fan it yndustryterrein ear tiids wie gjin riolearing ynbegrepen. Dat kin dus ek net yn in twadde oplevering meinommen wurde. Hy seit ta de ôfdieling oer de twadde oplevering te ynformearjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 12Voorstel inzake beheer en exploitatie van de gemeentesteigers te Grou en tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van een onderkomen voor de havenmeester en plaatsing van waterme ters aan de steigers te Grou. De foarsitter seit dat der noch in neier ündersyk nei it tal wettermeters plakfine sil. De hear Van der Baan is bliid dat ek it kolleezje ta de üntdek- king kommen is dat 10 wettermeters tefolle fan it goede is. Ek de oanskaf fan in mobile tillefoan neamt hy oerdreaun. In skaft- wein is tinkt him ek net nedich. De havenmeester wurdt oansteld om te wurkjen, net om te skaftsjen en der is fêst earne oars wol in plakje om te sküljen as it al te bot reint. Seker foar de tiid dat de proef jildt moat der net safolle jild ütjün wurde en besjoch mei de havenmeester wat der eins echt nedich is. NOT15MRT.94/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 7