GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 12 april 1994 om 20.00 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga, K. van den Berg-Wiersma (wethouder), T. de Boer (wethouder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.A. de Vries en de heren J.A. van der Baan, K.G. van den Berg, A.M. de Jager, H.A. Jonkers, T. Lolkama, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg (wethouder) en J. Zijlstra. Afwezig: Voorzitter: Secretaris de heer A.P. Oosterhof. de heer Y. Dijkstra, mevrouw A.M.E. van der Sluijs. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o De foarsitter iepent de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom op dizze earste gearkomste fan de nije ried. Hy dielt mei dat de hear Oosterhof fanwegen in slim ûngelok fan syn soan behindere is de gearkomste by te wenjen. Hy winsket de famylje Oosterhof in protte sterkte ta yn dizze swiere tiid. De foarsitter lokwinsket, ek út namme fan de gemeentesiktaris de le den fan de ried mei harren ferkiezing. De ried fan Boarnsterhim sjocht der no hiel oars út as foarhinne. In tiidrek is ôfsluten en der begjint in nij tiidrek. It is in bestjoerlik hiel nijsgjirrige perioade. De âlde ried hat de finansjele fûneminten wer opsocht en hat besocht om de betrouwensrelaasje mei de befolking te ferbet- terjen. Dat betrouwen moat fertsjinne wurde; dat jildt ek foar de nije ried. Hy sprekt syn wurdearring út foar it gemeenteriedsprog- ramma 1994-1998 dat sa breed troch de ried drûgen wurdt. De bes- tjoerliker ynbêding fan de gemeenten yn it steatsbestel stiet yn diskusje. Hy tinkt dat by de kommende kabinetsformaasje de kaarten nochris opnij trochelkoar skodde wurde sille. It is dêrom goed dat de ried yn de kommende perioade syn eigen posysje wer bepaalt. It is te maklik om te sizzen dat alles by it âlde bliuwe moat. Yn elts gefal moat besocht wurde it bestjoer sa ticht mooglik by de boargers te hâlden. Dat hâldt in grutte ferantwurdlikheid yn foar de nije ried. Somtiden sille de minsken lokkich wêze mei in riedsbeslút, mar ek gauris net. Der sil in protte goed gean mar ek giet der fêst wat ferkeard. Soms giet it ferkeard as gefolch fan it falen fan minsken: fan amtners sawol as fan bestjoerdersDêr moat dan yn elts gefal earlik oer praten wurde omt dat yn it belang fan de ynwenners fan ús gemeente is. Ta einbeslút seit hy dat de ienheid it téma wêze moat wêr't altiten omtinken foar wêze moat. Hy winsket de ried alle sukses ta yn in goede en konstruktive gearwurking. NOT12APR.94/H/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 2