- 2 - De foarsitter stelt oan'e oarder: 1. Beëdiging van de leden van de raad. De leden Van der Meulen en Zijlstra lizze steande en yn hânnen fan de foarsitter de eed óf. De leden Van der Baan, Van den Berg, De Boer, Roorda, Santema, Veldstra en De Vries lizze steande en yn hannen fan de foarsit ter it ûnthjit en de ferklearring óf. De leden Van den Berg-Wiersma en De Jager leggen staande en in handen van de voorzitter de eed af. De leden Aukes, Jonkers, Lolkama, Postma en Smittenberg leggen staande en in handen van de voorzitter de verklaring en de belof te af. 3Voorstel tot vaststelling van een bestuursprogramma. Mefrou De Vries is der wiis mei dat sy de gelegenheid kriget ütlis te jaan oer de wize wêrop dit programma ta stân kommen is. De ferkiezingsütslach wie in dúdlik sinjaal fan de kiezers en it útgongspunt foar dit programma. De P.v.d.A. as grutste partij hat it ynisjatyf ta de ûnderhannelingen nommen. De ynset: in sa breed mooglik ündertekene programma en in kolleezje dat in goe de ófspegeling is fan de ferkiezingsütslach. De ûnderhannelingen wiene iepenbier. Yn twa gearkomsten kaam it programma ta stân. It amtlik apparaat hat dat finansjeel trochrekkene. Finansjeel sjoen is der net in soad mooglik, sa die al gau bliken. De nije ried wol lykwols feroaring en sykje romte binnen de begrutting foar dy feroarjende omstannichheden. De ried wol de toan sette en in düdlike rjochting oanjaan. Yn it programma binne in tal ünderwerpen neamt dy't de nije ried besykje wol te realisearjen. Se neamt dan: doarpsfernijing, in nije struktuer foar it wol- wêzenswurk, it minimabelied, doarpshuzen, basisûnderwiis en wurkgelegenheidDer koe lykwols noch gjin finansjele dekking oanjûn wurde. It programma moat dêrom ek net sjoen wurde as in begrutting. Yn it kolleezjewurkprogramma sil aanst dit programma ütwurke wurde moatte yn in konkreet plan fan oanpak. Yn it pro gramma is as wichtichste opnomen de wize fan wurkjen fn de nije ried. De ried wol dêryn syn posysje bepale. Derby heart ek in kearntakendiskusj e en in belieds- en behearsynstrumintarium om de finânsjes better yn'e macht te krijen. De nije ried wol ek wurkje oan de relaas je mei de ynwenners. Yn it programma sitte fierder algemiene ütgongspunten foar it finansjele belied. Se is der tige wiis mei dat dit programma troch alle partijen ündersk- reaun is. Hjirnei hawwe 5 partijen in wethâlder kandidaat steld. De earste wethâlder wie foar de grutste partijDe twadde wet- hâlder moâst komme út de trije winnende partijen as dy kandidaat stipe krige fan 2 fan de 3 partijen. De tredde wethâlder soe komme moatte út VVD as CDA. Foar de twadde wethâlder wie de hear Van der Baan kandidaat, stipe troch Gemeentebelangen. Troch par tijen waard it net akseptabel achte dat de hear Van der Baan syn wethâlderskip kombinearje soe mei it Steatelidmaatskip. Der is de hear Van der Baan fersocht in kar te meitsjen. Nei in pear dagen die bliken dat dy kar net makke wie en doe is de kandidaat fan D'66 nei foaren kaam. Dy kandidatuer waard stipe troch Ge meentebelangen. Op dat stuit luts de WD syn kandidatuer werom omt D'66 foar harren net akseptabel wie. Doe bleau der in kol leezje oer fan P.v.d.A. D*66(stipe troch Gemeentebelangen) en it C.D.A. Se tinkt dat de gearstalling fan it kolleezje in goede ófspegeling is fan de útslach. NOT12APR.94/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 3