- 18 - Boarnsterstim. In de achter ons liggende jaren heeft het C.D.A. - onder anderen vanaf deze plaats - getracht middelen vrij te maken voor een structurele oplossing van de financiële problemen van de "Boarns terstim". Binnen de recente onderhandelingen tot verkoop van de "CAI" zijn wij daarin geslaagd. Sluiting. Mijnheer de voorzitter, veel is reeds gezegd. Wij willen deze algemene beschouwing eindigen met de wens, dat deze nieuwe be stuurlijke periode voor iedereen - college, raad, medewerkers en inwoners van deze gemeente - succesvol mag zijn. De hear Van der Baan seit: De üntjouwings yn Europa hâlde yn dat der in ein komme sil oan de nasjonale steaten en dat der in Europa fan superregio's ûntstean sil dêr't de sosjale en kulturele gearhing grutter is dan op nasjonaal nivo. Soks is it tinken fan de Amerikaan Darell Delemaide dat hy útwurke yn syn boek: "the New Superregions of Europe", dat koartlyn ferskynde. Leopold Kohr en Heineken hiene al earder op dy ûntjouwing wiisd. Fryslân komt dan yn de regio Atlantyske kuststreek te lizzen. Yn dat ramt moatte wy in Fryslân ús wegen sykje en sille wy yn Boarn- sterhim net üntkomme oan de effekten fan dy feroarings. Posityf is dat dy feroarings nije kânsen oan in streek jaan kin- ne at der op de krekte wize op ynspile wurdt. Fan de oare kant falie wissichheden fuort en drige de kânsearmen yn in noch gruttere efterstân te reitsjen at der net genôch soarch en oandacht oan harren bestege wurdt, yn sa'n feroarjende maatskip- pij Op dit stuit ferdwynt al sa skielik de fersoargingsteat mei de fer- oarings fan de syktewet en ütklaaiing fan de W.A.O. Yn ús eardere skôging hawwe wy wiisd op de sosjale gefolgen fan de twadieling yn ús maatskippij en dat yn sa'n klimaat it fak sisme grutte kânsen hat. Eangstme foar de takomst, ûnferskil- ligens en ünrjochtfeardich hanneljen fan de oerheid binne de komponinten dy't de basis foarmje foar it faksisme. Allinne in sosjaal rjochtfeardige polityk kin in ridlik tsjinwicht foarmje. Op dat kriterium hifket de F.N.P.-fraksje de begrutting en oanbie- dingsbrief. Dêroan foarôfgeande lykwols earst dit noch. Boarnsterhim hat nei de ferkiezings in nije ried krigen dy't gâns fan gearstalling feroare is. Der kaam in ein oan in jier- renlange oerhearsking fan de P.v.d.A. en soks is wennen. Wennen benammen om dat no meardere partijen mei ferantwurdlik binne foar it belied. Like it der yn it begjin op dat alle parrijen yn in harmony-model oan de slach soenen - de problemen lizze meters- heech opsteapele nei in jierrenlang swak belied - al rillegau feroare dat en net de trady- sjoneel dêrfoar bestimde partijen mar twa kolleezjepartijen brutsen it harmony-model óf en op dit stuit is üs net dúdlik wêr't dy partijen steane. Benammen de brief fan de P.v.d.A. fan 21 july lêstlyn jout te tinken. Nei oanlieding fan it ûntslach fan de 2 amtners waard ús in brief stjoerd dêr't yn meidield waard dat de fraksje har yn de kommende tiid beriede woe op har ferantwurdlikens en dat hja yn septimber dêr op werom komme soe. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 20