- 19 - Sa'n brief hat fansels in swiere politike lading en de F.N.P.- fraksje is dan ek wakker fernuvere dat de P.v.d.A. fierder neat witte litten hat oan ús fraksje. Wy geane no op de taast fierder en meie hope dat der fan dy kant in helder andert komt. Ek al hat de ried neat te sizzen oer de gearstalling en de ferdieling fan de portefuljes, dochs binne wy fan betinken dat it kolleezje har nochris goed beriede moat oangeande dy fer dieling dy't neffens üs lang net lykwichtich is en grif net yn it belang fan de bestjoers- krêft yn üs gemeente. De P.v.d.A.-wethâlder hat tefolle hea op de foarke nommen en soe der ferstannich oan dwaan óf de romtlike oardering óf sosjale saken út har portefulje te heljen. De ôfrûne perioade hat bliken dien dat dy taak har oermânsk wie en dan is it ferstannich om in wat minder swiere taak op jin te nimmen Yn de amtlike organisaasje is noch in protte mis. Wy hawwe grutte noed datoangeandebenammen omdat fan in "management team" dat net folslein is, gjin konsistint en lykwichtich bel- iedsstipe ferwachte wurde kin. Dêrnjonken fersteurt soks de ünderlinge relaasjes en ferhâldings. Wy tidigje derop dat it kolleezje datoangeande alle oandacht oan dat probleem jaan sil omdat soks it wichtigste elemint foarmet yn de bestjoerskrêft en yn de ferhâlding nei de befolking ta. Ek sille wy wach wêze moatte fanwegen it skarlunich each dat de stêd Ljouwert op syn omjouwing falie litten hat yn de bestjoer- like fernijing. At wy selstannich fuortbestean bliuwe wolle dan sille wy alle seilen bysetten moatte en is ienriedigens en bestjoerskrêft nedich om Boarnsterhim selstannich te hâlden. Oer de begrutting it folgjende. Yn de ynlieding is allinne mar praat oer de finânsjes en wurdt de fermogensposysje fan de gemeentlike oerheid, lykas by Colijn yndertiid, foar hillich ferklearre. Ek al ûntkenne wy net it belang fan in süne finansjele basis, dochs soe it ûnrjochtfeardich wêze om de finansjele blunders en dat wat yn jierren skeefgroeid is, yn in pear jier wer rjocht te lüken en alhiel net, no't soks giet op kosten en ta skea fan de minima en oaren oan de ünderkant fan üs maatskippij By de minima is gjin frije romte mear yn de besteging fan it jild. Om dy reden stelle wy in tal feroarings foar yn de begrut- ting. De ynstelling fan in füns wachtjildferplichtings ferfalt dan. It jild dêrfoar ornearre, bliuwt by de reserves. Soks betsjut dat de reserve maatwurk SoZa en planfoarming handikaptebelied bestean bliuwe dat no noch net fan de grün kommen is. Foar de begrutting 1995 wollen wy de reserve CAI brûke foar de "bijdrage reserve kosten voormalig personeel", maar dy reserve moat yn de rin fan de tiid wer foarme wurde at de CAI net fer- kocht wurdt. Twad geane wy net akkoart mei it ferheegjen fan de ûnreplik guod belesting. Ek dêrmei kinne wy de minima o sa'n deugd dwaan. Prinsipieel binne wy tsjin de post begraafrjochten en dêrmei ek tsjin dy ferheging. De minderopbringst kin kompensearre wurde troch te be- skikken oer de reserve garânsje-oanspraken f 173.000,00, kwartêre wegen f 8.032,00, ûnderhâld wei Grou - Warten f 20.535,00 en reserve V. en S. f 21.208,00. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 21