- 20 - Mei in part fan it "steun en garânsjefûns" kin it totaalbedrach fan f 245.000,00 helle wurde dat gelyk is oan de mearopbringst fan de eardere belesting en begraafrjochten. Foar Poppenwier bliuwt dan sa nedich noch in bedrag fan f 75.000,00, beskiber út it "steun en garânsjefûns" en "Mien- skipssintrum Grou" Foarsitter De F.N.P.-fraksje is teloarsteld oer de wize sa't de begrutting gearstald is. De begrutting is net gearstald troch politisi mar troch rekkenmasters en boekhâlders. Ynspriraasje giet der net fan út en wy konstatearje mei soarch dat de politisi yn dit mo del frijwol gelyk binne oan de ambtners; de sifers steane sin- traal. De minima sille aanst mei terjochte gefoelens fan lilkens de weelde fan djoere wenten en útwreidingsplannen skôgje. Sosjale útsluting is mei it effekt fan it gemeentlik belied sa't dat yn de begrutting stâl kriget. De F.N.P.-fraksje tidiget derop dat mei de earderneamde útstellen fan har kant de begrut ting in wat minskliker en mear politike útwurking kriget. Wy litte de kar oan de ried. Om dy kar foar de minima te rjochtfeardigjen hawwe wy de folg- jende motivaasje as ûnderstreking: út ûndersyk docht bliken dat de minimahúshâldens alle moannen 713 gûne frij te besteegjen hawwe; wy wolle net mandélich wêze oan in belied dat it gefaar fan it opkommend faksisme en rassisme net mei dy middels be- striidt dy't beliedsmjittich wol mooglik binne. As ôfsluting it folgjende. It kolleezje stelt yn it kolleezje-wurkprogram dat it aktyf brûken fan it Frysk as twadde rykstaal fan belang is en dat se har op 'e nij beriedt hoe't se dêr oandacht oan jaan sil. Wis is dat jim besykje sille dêr mear oandacht oan te gaan. De F.N.P.-fraksje fynt soks praat fan neat. Al mear as 12 jier beriede de opfolgjende kolleezjes harren op wat se dwaan sille en like lang besykje se der oandacht oan te jaan. Al dat berieden en besykjen hat laat ta it al minder brûken fan ús eigen en yn Fryslân earste rykstaal. Op dit stuit is by de behanneling fan de begrutting net ien útstel langer yn it Frysk beskrean en hawwe alle fraksjes yn de ried dy't fragen stelden oer de begrutting it Frysk ta deade taal ferklearre. Dizze dei ûnderfine wy dan ek as in smet, as in skeinflek, yn de noch koarte histoarje fan de gemeente Boanrster- him. Minder kin it net. Joast Halbertsma hat alle reden om him hjoed yn syn grêf om te draaien. At der gjin belied Frysk komt, lit dan tenei ek it útrikken fan de Joast Halbertsma-priis yn Grou nei. Foar ús fraksje is dit it momint om soks te sizzen. Soe professer Or- meling dan dochs gelyk krije mei syn útspraak dat Friezen de wrâld alline troch in Nederlânske bril sjogge? Earm de minsken dy't harren eigen identiteit ûntkenne en eigen aard en karakter net sjen litte doare. Net sûnder reden hawwe wy dêrom de folgjende moasjes klear lizzen. NOT14110H/BR0UVERJ20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 22