- 21 - Moasje. De ried fan de gemeente Boarnsterhim, op 14 novimber 1994 yn gearkomste byinoar, draacht it kolleezje fan Boarnsterhim op sa gau mooglik te konmen mei ütstellen om it belied Frysk stâl te jaan en soks yn besprek te jaan yn ien fan de riedsgearkomsten dy't foar maaie 1995 pland binne. It planútstel foar it Frysk sil op syn minst it kwantitatyf gebrük fan it Frysk yn it skriftlik ferkear foar de kommende 4 jier omfiemme moatte. Moasje. De ried fan de gemeente Boarnsterhim, op 14 novimber 1994 yn gearkomste byinoar, draacht it kolleezje fan boargemaster en wethâlders op nei te gean yn hoefier it mooglik is te kommen ta in op 'e nij ferdielen fan de portefuljes en de útkomst dêrfan mei te dielen yn de riedsgearkomste fan desimber 1994. Moasje. De ried fan de gemeente Boarnsterhim hat har op 14 november 1994 dwaande hâlden mei de fraach yn hoefier it handikaptebelied yn de gemeente stâl krije moat; oerwagende dat de yntegraasje fan de handikapten allinne ta stân komme kin yn in goede gearwurking tusken amtners en handikapten seis dat oan alle kategoryen de mooglikheden ta yntegraasje bean wurde moatte draacht it kolleezje op in advyskommisje foar in yntegraal handikap- tenbelied gear te stallen dat de opdracht krijt earder- neamd doel ta yntegraasje ta stân te bringen. Amandeminten útsteld troch de F.N.P.-fraksje by de fêststelling fan de begrutting foar it tsjinstjier 1995. Ynstelling fûns wachtjildferplichtings. Dit fûns soe neffens ús net ynsteld wurde moatte. Bijdrage reserve kosten voormalig personeel. Foar 1995 kin in bedrach fan f 446.710,00 brûkt wurde út de CAI- reserve. Wurdt de CAI net ferkocht dan sil de reserve op 'e nij opboud wurde moatte yn de rin fan de tiid. Amandeminten oangeande de belestingsopbringsten. Begraafrjochten net ferheegje: f 5.000,00. Unreplik guod belesting net ferheegje: f 240.000,00. It totaal fan de minderopbringst wurdt kompensearre troch te be skikken oer: reserve garânsje-oanspraken: f 173.000,00 reserve V. en S.: f 21.208,00 reserve kwartêre wegen: f 8.032,00 reserve ûnderhâld wei Grou - Warten: f 20.535,00 totaal: f 222.775,00 diel "steun en garânsjefûns"f 22.225,00 totaal generaal: f 245.000,00 N0T1411/0/H/BR0UWERJ/21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 23