- 34 - It kolleezje is fan betinken dat dat net it gefal is. Der wurdt in soad oer ynhâldlike punten praten. Ferskillen fan miening wurdt oer praten en der wurdt besocht om der út te kommen. Hy sjocht gjin oanlieding om de portefuljeferdieling op 'e nij yn diskusje te bringen. It kolleezje is ek fan betinken dat de kommunikaasje tusken de gemeente en boargers/ynstellings better moat. Der is in proses op gong brocht om ófspraken te meitsjen om de koers foar de lan gere termyn te bepraten. Der moat net allinne útlein wurde wêrom as dingen al as net kinne, der moat ek harke wurde en mooglik kinne der nije metoaden as wurkbesites, boargerpanels en in referindum komme. It kolleezje is fan betinken dat in referindum in metoade wêze kin en wol dêr graach ris mei de ried oer prate. Dat soe kinne op de strategyske wurkkonferinsje dy't it kol leezje belizze wol op 30 jannewaris 1995. Lykwols liket it it kolleezje net goed ta foar de plannen foar de Minne Finne al in referindum te hâlden. Earst moat der in deeglike diskusje oer it wat en wannear fan de metoade referindum hâlden wurde. De fraksjes fan C.D.A. en Gemeentebelangen 2000 fine dat oppast wurde moat mei it "opstarten" fan nije plannen omt der al safolle op'e hispel stiet. It kolleezje is it dêr wol mei iens mar it is wol sa dat der fan it ryk en de provinsje saken op ús ôfkomme dêr't wy oan meiwurkje moatte. It kolleezje fielt wol foar in maitiidsnota omdat it goed is om op mear mominten yn it jier te diskussiearjen oer it belied. Hjir kin kin op 30 jannewaris ek oer praten wurde. It kolleezje is net fan doel it Ontwikkel jen fan it BBI op te skowen nei 1996. Dat sil it earste Onderwerp wêze foar de gear- komste yn jannewaris. De F.N.P. seit dat ryks- en provinsjemaatregels funeste sosjale gefolgen hawwe kinne. It kolleezje seit dat de gemeente net dy maatregels korrigeare kin mar op oare wize kin wol datjinge dien wurde wat de leefberheid yn'e gemeente befoardert. It kolleezje is fan betinken dat Boarnsterhim selsstannich bliuwe moat. Sa stiet it ek yn it riedsprogramma. De hear Etty hat op persoanlike titel dingen sein oer grut-Ljouwert ensa- fuorthinneDe hear Van der Baan hat dêr út opmakke dat Ljouwert mei in skarlunich each nei Boarnsterhim sjocht. Oan de diskusje oer de bestjoerlike fernijing wol it kolleezje graach meidwaan mar wol út de tinkwize wei dat Boarnsterhim selsstannich bliuwe sil. Harmony en ienriedigens yn de ried kinne bydrage jaan oan de bestjoerskrêft dy't dêrfoar nedich is. Dit docht him tinken oan de wurden fan Judith Herzberg: "Wat zou het loodzwaar tillen zijn, wat een gezwoeg als niet iedereen iedereen terwille was, als niet iedereen iedereen op handen droeg". We moatte meielkoar in wei sykje om de problemen op te lossen. Ut de opmerkings fan it C.D.A. en de V.V.D. oer de ferbettering fan de diken priuwt hy stipe foar it kolleezje. It Halbertsma Plein leit der min by, wylst it eins it besite- kaartsje fan Grou heart te wêzen. It kolleezje wol noch ien kear mei de oanbe lang jenden prate om sa in wei kieze te kinnen foar in befredigjende oplossing. De ferhâlding eigen/frjemd fermogen is troch ferskate fraksjes oanhelle. Ek wurdt der opmurken dat de útgongspunten foar it belied noch net fêststeld wurde moatte. It kolleezje tinkt dat der in grut ferlet is fan dúdlikheid en in helder belied. Yn it oanbiedingsbrief is sein dat der op dat stuit tefolle jild fan e bank helle wurdt en dat der te min eigen fermogen is. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/34

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 36