- 35 - It kolleezje wol dy brike ferhâlding graach sûner hawwe. As foarbyld is de ferhâlding 50:50 neamd. Troch de wachtjildfer- plichting út de eksploitaasje te heljen wurdt de algemiene tsjinst ferlichte. It betsjut lykwols ek dat der belied makke wurde moat. Dat kin allinne mar foar de kommende jierren in so ber belied wêze. Dy hâlding fol te hâlden, dêr giet it om. It kolleezje hat der net safolle ferlet fan amendeminten yn dy sin oan te nimmen. It kolleezje hat ferlet fan stipe foar dat belied. De gemeente moat himsels lykwols net blokkeare dat der sadwaande gjin romte wêze soe foar üntjouwings. Ek moatte de lésten net keunstmjittich heech hâlden wurde. It kolleezje wol eins de oare kant út dat oan de ferheging fan de lésten sa dwaande in ein komt. Yn it earste fearnsjier fan 1995 komt it kolleezje mei in mear- jierre-ynvestearingsplan dêr't yn oanjûn wurdt wat der barre moat, yn hokker tempo dat moat en hokker ôfskriuwing der jier- liks wêze sil. It kolleezje mient dat it in misferstân is dat der út de f 150.000,00 allinne mar útjeften foar de "hurde" sektor helle wurde kinne. Ek ynvestearings foar bygelyks in sport- of wolwêzensakkommodaasje kinne yn dat plan meinommen wurde. Sjoen de finansjele posysje fan de gemeente is f 150.000,00 in hiel stevich bedrach. Yn it kolleezjewurkprogramma stiet de filosofy dy't de grûnslach foarmet foar it finansjele belied. It kolleezje tocht dat ek de fraksje fan de F.N.P. in sûne húshâlding wol en dat der oppast wurde moat. In sûne finansjele basis freget om maatregels. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat der rekken mei hélden wurde moat dat dit belied fan de gemeente ek seis maatskiplike ûnrest feroarsaakje kin as der gjin goed antwurd is op wat der yn de maatskippij libbet. De foarsitter seit dat oerheidshanneljen fan gefolgen ha kin dat der ûnrest ûntstiet. It giet te fier te sizzen dat de begrutting fan de gemeente Boarnsterhim yn absolute sin ûnrêst ta gefolch hawwe sil. De reserves dy't de F.N.P. yn stén hélde wol en it net ferheegjen fan begraafrjochten en o.z.b. kin it kolleezje gjin stipe oan jaan. Op in oar momint kin der en detail praten wurde oer it ûntstean fan it gat fan 6 ton yn'e primitive begrutting. Desintralisaasje fan taken fan út it ryk is op himsels posityf mar it betsjut meastal dat der netto in hegere lést ûntstiet. D'66 wol nei in folsleine kostendekkendheid ta. It kolleezje freget him óf wêr't de fraksje krekt hinne wol. Oer de kompo- ninten dy't de kostendekkendheid opbouwe is it kolleezje it mei de fraksje fan D'66 iens. It kolleezje makket de ried der attint op dat de ófdieling finénsjes mei syn minimale besetting der dochs yn slagge is de stikken op tafel te lizzen. De meiwurkers fertsjinje dêrfoar in komplimint. In grutter ferlangen is absolút net op syn plak. It kolleezje sjocht it amendemint 1 fan de fraksje fan de P.v.d.A. as stipe fan syn belied. It amendemint liket him dêrom eins oerstallich. As de fraksje fan de P.v.d.A. de algemiene útgongspunten foar it finansjele belied stipet is amendemint 2 reden om noch ris oer de details fan dat belied te praten. Yn it kolleezjewurkprogramma stiet it minimabelied as prioriteit beskreaun. De fraksje fan de P.v.d.A. mei der as antwurd op amen demint 3 ek wis op rekkenje dat dat belied stél krijt. N0T141l/O/H/BROUVERJ/35

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 37