- 36 - It kolleezje is it mei de fraksjes fan V.V.D. en P.v.d.A. iens dat der in foar partijen te oanfurdigjende oplossing komme moat yn de kwestje mei de üntsleine amtners. It is goed dat der rêst yn de organisaasje komt nei de reorgani- saasje. Rêst yn algemiene sin yn de amtlike organisaasje is net goed, want der binne altiten wol nije ûntwikkelings of ideeën dêr't oer praten wurde moat sa as bygelyks it BBI. It kolleezje makket him der net fan óf as it giet om de doarps- wachten/plysjesurveillanten. Der is lykwols op dit stuit gjin jild foar. De problematyk om it gefoel fan feilichheid hinne dat der heart te wêzen hat it omtinken. Hy konstatearret dat de plysjesterkte yn Boarnsterhim op in ridlik peil is. De oanryd- en wachttiden binne net te lang. Mei it mei-finansierjen fan plysjetaken moat hoeden omgien wurde. De skógings fan Gemeentebelangen hat it kolleezje pas fan'e moarn krigen. Der steane in protte fragen yn dy skógings. It kolleezje seit ta in wei te finen om dy fragen yn in letter sta dium te beantwurdzjen. Mei in bedriuwsmjittige oanpak dêr't de fraksje oer praat is it kolleezje it iens. Lykwols is it sa dat de gemeente gjin gewoan bedriuw is omt de oerheid tsjinsten oanbiede moat oan de boar- gers. In folsleine ferliking rint dus mank. Oer de oerienkomsten dy't der seker ek binne kin ek op de strategyske wurkkonferinsje fan 30 jannewaris praat wurde. De opmerking oer de mienskiplike regelingen is net yn oerienstim- ming mei de feiten. Fan in taname fan it beslach op it budzjet is gjin sprake. Lykwols moat der kritysk nei de mienskiplike regelingen sjoen wurde. In bydrage oan in mienskiplike regeling kin net sjoen wurde as subsydzje omt it giet om in ferplichte kostenpost omt wy seis dy regeling yn stân hâlde wolle. Der moat in oare wei fün wurde om it syktefersom leger te krijen en om it personielsbelied oars foarm en ynhâld te jaan. Dêrom wurdt der praten mei de meiwurkers om de reorganisaasje aksep- tearre te krijen. Der wurde tredden ynhierd omt wysels de kundichheid net yn hûs hawwe. Fansels wurdt dêrby goed sjoen nei de priis-prestaasjefer- hâlding. Wethâlder De Boer seit dat der yn de mearjierrebegrutting óf- spraken makke binne om it grûnbedriuw yn 4 jier sûn te meitsjen. Yn de kommende ôfdielingsgearkomste sil ynformaasje jûn wurde oer it grünbedriuw. It wurkgelegenheidsfünskin as der hurder ynrün wurdt, ynsteld wurde. It kolleezje is it dêr mei iens mar fynt dat it fûns breed besjoen wurde moat. Der is in protte fraach nei bougrûn. Wêr't it mooglik is moat boud wurde kinne, ek yn de lytse doarpen. It kolleezje komt ynkoarten mei útstellen om dy mooglikheden ek planologysk te regeljen. Wat de wurkgelegenheid oanbelanget fynt it kolleezje behâld fan wurkgelegenheid like wichtich as nije wurkgelegenheid. Oer in pear moanne komt der in útstel oer it útstreambelied yn de ôfdieling WWM. De planning foar it bestimmingsplan bütengebiet hat yn'e óf- dieling west. It kolleezje wol dübeld wurk tefoaren komne en sekuer te wurk gean. NOT 14110HBROUWERJ36

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 38