GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 14 november 1994 om 9.00 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga, K. van den Berg-Wiersma (wethouder), T. de Boer (wethouder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.A. de Vries en de heren J.A. van der Baan, K.G. van den Berg, A.M. de Jager, H.A. Jonkers, T. Lolkama, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg (wethouder) en J. Zijlstra. Voorzitter: de heer Y. Dijkstra. Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o De foarsitter iepent de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei hoe't de oarder fan'e dei wêze sil. Hy stelt oan'e oarder punt 1. Gelegenheid tot het houden van algemene beschouwingen. Mefrou De Vries seit: Foarsitter, "In rituele duns foar fjouwer hearen", sa neamde myn foargonger dit jierlikse barren. Fan dy fjouwer hearen is gjin sprake mear, no't sünt de fer- kiezings seis partijen de ried fan Boarnsterhim foarmje. Boppedat kin der mingd dûnse wurde. Us fraksje wol der lykwols gjin rituele dûns fan meitsje. Wy fine dit momint yn it jier, fan algemiene skôgings, by útstek it plak om koart werom te sjen, mar benammen ek foarút te sjen en de haadlinen fan it belied foar de kommende jierren oan te j aan. It plak ek om politike ferantwurding óf te lizzen. Soks hat per definysje net in ritueel karakter. Wy fiele neat foar in rein- düns of beswarrende formules. Wy wolle helder oanjaan wat wy sünt de ferkiezings dien hawwe, wêrom en wat wy dwaan sille. Ferkiezings maart 1994. 1994 stie yn it teken fan de ferkiezings. Yn Boarnsterhim hat sa'n 80% fan de ynwenners mei syn stim düdlik meitsje wollen hokker kant it út moat mei ús gemeente. De kiezers hawwe düdlik oanjûn dat it de kommende jierren oars moat. De eardere kol- leezjepartijen - P.v.d.A. en V.V.D. - hawwe ferlern en twa nije partijen yn Boarnsterhim - Gemeentebelangen 2000 en D'66 - hawwe de winst dêrfan opstrutsen. NOT1A1l/O/H/BROUWERJ/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 3