- 42 - Oer de doelstelling fan in sober belied is syn fraksje it iens mei it kolleezje. Oer de kwantitative ynfolling dêrfan soe goed op 30 jannewaris praten wurde kinne. Syn fraksje tinkt dat it oanbiedingsbrief better lêsber te meitsjen is. Sa soe der yn it brief neier op it tekoart yngien wurde kinne Syn fraksje stipet it kolleezje. Hy beskôget de relaasje kol leezje- ried as in jong houlik dêr't ek de partners noch oan elkoar wenne moatte. Hy wol ynkoarten noch wolris prate oer de sinjalen dy't oer de portefuljeferdieling ôfjûn binne. It gear- wurkjen yn in harmonymodel wurdt stipe troch syn fraksje en regelsucht is him frjemd. Hy fynt it ek hiel spitich dat it sosjaal-kultureel wurk foar de âlderein no de slach ferliest. Hy hat der lykwols alle betrouwen yn dat de wethâlder de sinjalen opfongen hat en dat sy dêr har foardiel mei dwaan sil. De foarsitter slüt om 15.10 oere tydlik de gearkomste foar oerlis yn it kolleezje. Hy weriepenet de gearkomste om 15.35 oere. De foarsitter betanket ek no de ried foar syn reaksjes yn twadde termyn. Hy konstatearret dat de fraksje fan de P.v.d.A. syn amendeminten ynlutsen hat. It kolleezje fynt dat der noch ien kear stevich praten wurde moat yn in grutte meeting oer it Halbertsma's Plein. It kol leezje besiket it Halbertsma's Plein dy betsjutting te jaan dy't it fertsjinnet. It kolleezje fynt it net ferstannich in referindum te hâlden oer de Minne Finne. Wol wol it kolleezje prate oer de metoade fan it referindum. Dêr sil in notysje oer komme dy't it kommende heal- jier bepraten wurde kin. It kolleezje wol net ferheelje dat der somtiden stevich praten wurdt yn it kolleezje. Soks stiet lykwols de freonskip en de bestjoerlike ferhâldings net yn'e wei en it kolleezje komt der ek altiten út, mei yn'e regel ien stânpunt. Walter Etty hat in notysje skreaun, mar dy notysje hâldt net in stânpunt fan de kommisje bestjoerlike fernijing yn. It kolleezje wol konstruktyf meidwaan oan dy diskusje mei behâld fan de eigen identiteit en út de eigen bestjoerskrêft wei. Yn it earste fearnsjier fan 1995 sil de ried bepale kinne hoe't en yn hokker tempo de ynvestearingsromte ynfolle wurdt en hokker ófskriuwingstermyn hantearre wurde sil. No wurdt it beslút nomrnen dat de Oude Jokse en de oare neamde projekten net as selsstannich objekt ta in beslissing komme moatte mar dat dat yn'e earste moannen fan 1995 barre sil yn it ramt fan de yn- ve s tearrings romte It kolleezje is ferantwurdlik foar de proseduere oangeande de 2 amtnerssa fynt ek de ried. Fansels is it goed ta in ferstan- nige oplossing te kommen. It kolleezje freget de ried de ferant- wurdlikheid dêrfoar by it kolleezje te litten. De doarpswachten/plysjesurveillanten binne pas yn de léste tiid foar de begrutting oan'e oarder kommen. Spitigernóch is dêr op dit stuit gjin jild foar. NOT1A110HBROUWERJ42

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 44