- 43 - Mevrouw Aukes interrumpeert dat haar fractie dorpswachten en politiesurveillanten wil loskoppelen. Dorpswachten ziet zij meer een taak hebben in het dorpsbeheer en niet zozeer een politie taak. De foarsitter seit dat de plysjesurveillant hiel útdruklik in plysjetaak útfierd. Op himsels is it goed om yn'e simmermoannen in wat steviger plysjekapasiteit te hawwen. Dêroer sil in petear mei de plysje plakfine. Der is in misferstân oer it sosjale isolemint tusken de F.N.P. en it kolleezje. Yn earste termyn tocht it kolleezje dat de hear Van der Baan op it minimabelied tsjutte. It kolleezje tinkt dat itjinge lâns dy wei berikt wurde kin wol wichtich mar marzjinaal is as it giet om de hichte fan it ynkommen. As de O.Z.B. en de oare gemeentlike belestings dêrby behelle wurde, wurdt dat oars. Dêrom fynt it kolleezje ek net dat hyltiten mar de belestings ferhege wurde kinne. It kolleezjewurkprogramma hat de status fan wurkprogramma foar it kolleezje. Beliedstarieding en -ütfiering kinne yndied bedriuwsmjittich beneiere wurde. Op oare saken giet dat lykwols net sa maklik. Oer de needsaak fan kwaliteit fan de organisaasje bestiet gjin ferskil fan miening tusken de fraksje fan Gemeentebelangen 2000 en kolleezje. De post ûnfoarsjoen is ferdûbele en jout romte oan de ried om romhertich dêr mei om te gean en is benammen bedoeld foar ien- malige bydragen. De ynvestearingsromte fan f 150.000,00 is bedoeld foar it betel- jen fan fêste lesten fan ynvestearings op ferskate beliedster- reinen. Op 'en doer sil de begruttingssyklus feroarje. It jier fait dan yn trijen. It kolleezje is fan doel dat sa gau as mooglik yn te fieren. Oer de ünderdielen dy't liede ta it tekoart fan 6 ton sil yn de earstfolgjende ôfdieling praten wurde. Wethâlder De Boer seit dat it de yntinsje fan it kolleezje oangeande de Minne Finne is om in breed draachflak te krijen foar de plannen. Alle reaksjes wurde tige serieus nommen. Der sil in tal farianten makke wurde en dêr sil mei de ferskate par tijen oer praten wurde. Goed trochtocht en net yn sân hasten. It wurkjen mei behâld fan útkearing kin, sa tinkt it kolleezje, diel útmeitsje fan it arbeidsmerkbelied en tsjinje ta befoar- dering fan'e útstream. De kursussen fan Foarwurk hâlde net op omt der in grutte fraach nei is ek út it bedriuwslibben wei. Foarwurk sil sûnder mis belutsen wurde by it útstreambelied. Mei Hüs en Hiem binne no goede ôfspraken makke. It kolleezje wol wol, op langere termyn, alle foars en tsjins fan in gemeentlike kommisje op in rychje sette. Der wurdt op dit stuit praten oer it ynfoljen fan it terrein fan F.F.D. yn Wergea. Der wurdt wurke oan in "stappenplan" foar it yndustryterrein yn Jirnsum. Foar Spikerboar sil itselde barre. Yn jannewaris 1995 sil der oer praten wurde wêr't de fierdere útwreiding fan wentebou en yndustryterrein komme moat. It bestimmingsplan bûtengebiet komt yn'e earste helte fan 1995 op besjen te lizzen. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/43

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 45