Mefrou De Vries wol graach in tydlike sluting fan de gearkomste foar oerlis. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 16.20 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 16.35 oere. Mefrou De Vries leit in stimferklearring óf. Har fraksje fynt dat de saak der yngewikkelder hinneleit dan dat de moasje oanjout. Har fraksje fynt de algemiene skôgings by ütstek it momint om politike ferantwurding óf te lizzen. Dat is bard. De fraach oft der fierder gien wurde moat mei prosedearjen is in foech fan it kolleezje en har fraksje wol it foech dêr ek hâlde. Har fraksje bliuwt wol fan miening dat fierder prosedearjen net oan'e oarder is en dat jout sy oan it kolleezje mei. De hear Van den Berg seit dat dizze moasje him rau op it dak fait. Syn fraksje fynt net dat it no it plak is om oer dit ünderwerp te praten. Der is twa kear yn beslettenheid oer pra ten. Syn fraksje hat syn opfetting düdlik nei foaren brocht. It komt him wat goedkeap oer om no't de útkomst bekend is fan de weddenskip de ynset dêrfan te bepalen. Om dy reden stipet hy dit ütstel net. De heer Jonkers constateert dat er een verschil is tussen vorm en inhoud van de motie. Met de vorm is zijn fractie het niet eens maar met de inhoud wel. Daarom zal zijn fractie voor het voorstel stemmen. De hear De Jager slút him oan by itjinge de hear Van den Berg sein hat. Mevrouw Aukes zegt dat de raad deze motie moet zien als een sig naal aan het college. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it net ferstannich fynt no in útspraak oer dizze moasje te dwaan. Hy wol letter yn'e iepenbierheid, as düdlik is hoe't it kolleezje hannele hat, oer dizze saak prate. De foarsitter seit dat it kolleezje de ried üntriedt in ütspraak te dwaan sa as de fraksje fan de V.V.D. wol. Na gehouden stemming blijkt het voorstel van de V.V.D. te zijn aangenomen met 9 tegen 8 stemmen. Tegen hebben gestemd de leden Van der Meulen, Veldstra, Van der Baan, Van den Berg, De Jager, Van den Berg-Wiersma, De Boer en Smittenberg. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 16.40 oere foar oerlis yn it kolleezje. Hy weriepenet de gearkomste om 18.20 oere. Hy biedt út namme fan it kolleezje ekskuses oan foar it lange skoft wachtsjen. Mefrou De Vries ljochtet har stimferklearring ta. Formeel kin dizze moasje net, omt it foech by it kolleezje leit. Har fraksje hat de moasje stipe om in sinjaal óf te jaan oan it kolleezje. - 45 - N0T1411/0/H/BR0UVERJ/45

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 47