- 2 - Mar wat is dan krekt dat "oars" dat de kiezers wolle? It is de taak fan de keazen bestjoerders om de ferkiezingsütslach hiel konkreet te fertalen yn in programma foar de kommende jierren en in deistich bestjoer - it kolleezje - te foarmjen dat dat pro gramma útfiert. De ûnderhannelingen oer it programma en it kolleezje hawwe op inisja- tyf fan de P.v.d.A. - ek nei de ferkiezings noch de grutste partij - yn alle iepenbierens plakfûn. Us fraksje is der noch altyd wiis mei dat der yn grutte ienridigens in riedspro- gramma foar de kommende perioade fêststeld is; alle partijen hawwe it programma op haadlinen ünder- skreaun en alle partijen woene yn prinsipe dielnimme oan it kolleezje. Soks is in hiele goede start foar in nije perioade; it set de toan en dy toan fan ienriedigens en iepenheid wie en is in moaie konkretisearring fan it "oars" dat de kiezers wolle. Der is in kolleezje gearstald fan P.v.d.A., C.D.A. en D'66 - stipe troch Gemeentebelangen 2000 dat in romme mearderheid yn 'e ried hat. Mei it program en it nije kolleezje is yn üs eagen goed rjocht dien oan de ütslach. Riedsprogramma en kolleezjewurkprogramma. It kolleezje hat koartlyn it riedsprogramma ütwurke yn in kol- leezje-wurkprogramma. Soks wol net sizze dat der yn de tuskenliz- zende tiid neat dien is oan realisearring fan it riedsprogramma. Krekt oarsom, soene wy hast sizze wolle. It kolleezje is sa mei faasje út ein setten mei konkrete projek- ten en beliedsfoarming, dat al in moai tal winske saken út it riedsprogramma foarm krigen hat foardat it wurkprogramma op pa pier stie. En sa heart it ek. It giet om de praktyk en net om it papier. Wy hawwe wurdearring foar dizze ynset fan it kolleezje. Wy tinke oan Akkrum-East, it Toeristysk Rekreatyf Untwikkelingsplan, bouplannen yn de doarpen, doarpshûs yn Idaerd en hast yn Poppenwier, in oanset ta minimabelied, belied foar flechtlingen en asylsikers, it opknap pen fan de diken, folkshúsfes- tingsplan en noch folie mear. Boarnsterhim is yn beweging en der wurdt boud. Wy wolle koart yn gean op de haadlinen fan it belied foar de kommende perioade en de aksintferskillen dy't wy dêrby lizze. Dat liedt op in pear punten ta amendeminten bij de Oanbiedings- brief Sintraal yn it rieds- en kolleezjewurkprogramma stiet as earste it sûn meitsjen fan de finansjele húshâlding fan'e gemeente. Dat útgongspunt komt ta útdrukking yn de begrutting 1995 en it finansjeel mearjierreplan, dy't wy hjoed fêststelle sille. Yn syn algemienens fine wy it in goede saak dat by sa'n sober finansjeel belied de winkel dochs net hielendal op slot giet. Der moat romte wêze foar ienmalige ynfestearingsknyppunten en saken dêr't wy yn it riedsprogramma in ynspanningsferplichting oan keppele hawwe. It sil dúdlik wêze dat net al dy winske saken yn de begrutting 1995 ferwurke wurde kinne. Wy fine it in goede saak dat de post "ûnfoarsjoen" ophege wurdt. Soks past by sûn belied. Us fraksje is lykwols al fan betinken dat der dan romhertich mei dizze post omgien wurde moat, om ech te knyppunten net tusken wâl en skip falie te litten. N0T1411/0/H/BR0UVERJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 4