- 3 - Wy besjogge it opheegjen fan dizze post yn gearhing mei it fergrutsjen fan de ynfestearingsromte. Dy beide saken komme temjitte oan de doelstelling dy't wy earder oanjûn hawwe mei de ferneamde "knyppyntepot" út it riedsprogramma. Wy wolle romte foar (lytse) ynfestearings foar ien kear, dêr't bygelyks ek oare subsudzjes mei behelle wurde kinne. Op dy wize kin faaks mei in relatyf lytse gemeentlike bydrage in grutte mearwearde yn de doarpen realisearre wurde. Wy tinke oan bouwe/ferbouwe, doarps- huzen en sportfoarsjennings Wy hawwe in amendemint mei dizze ynterpretaasje fan beide begrut- tingsposten. As twadde stiet sintraal it kommen ta in oare wize fan bestjoe- ren. Wy sille as ried mear as oant no ta op haadlinen oanjaan moatte wat wy berikke wolle; soks betsjut mear stjoere en minder reageare. By dizze Algemiene Skógings soene wy bygelyks al rjochting jaan moatte oan de begrutting 1996. It kolleezje kin dan útwurkje hoe't it resultaat bestjoerlik en organisatoarysk it bést helle wurde kin en de organisaasje fiert dêrnei de saken goed en effisjint út. By sa'n wurkwize hearre nije ôfspraken oer foech en ferantwurdlikheden, nij finansjeel belied en nije finansjele ynstruminten. Soks liket foar de bûtewacht faaks net sa belangryk of alteast net in saak dêr't men no fuortendaliks de ynwenners foar op de tribune krijt. En dochs fynt ús fraksje it hiel wichtich. Mei in trochsichtige begrutting, in goede kostebehearsking en in goed ynsjoch yn de kosten fan ús belied yn relaasje ta wat it foar de mienskip opsmyt, kinne wy ús demokratyske taken better útfiere. Foar ús stiet dêrby sintraal dat de politike diskusje folslein ta syn gerak komme moat yn de ried. Dat is it plak dêr't ôfweagings plakfine moatte. Dan moat der lykwols al romte wêze foar reële ôfweagings. Dat betsjut yn ús eagen dat der (noch) minder jild fêst setten wurde moat yn fûnsen en reserves en mear nei de algemiene mid dels moat. It betsjut ek dat wy yn'e takomst ta moatte op jier- likse middels foar ien kear foar prioriteiten en nij belied. Us fraksje wol sa gau mooglik út ein sette mei it ûntwikkeljen fan nij finansjeel belied en in nij ynstrumintarium. Yn it amendemint jouwe wy oan hoe't wy fine dat dy saken oppakt wurde moatte. Wy binne ynnommen mei de ynsichtlike Begrutting Yn Ien Eachop- slach. As tredde algemiene punt út it rieds- en kolleezjewurkprogramma neame wy de kommunikaasje mei ús ynwenners. It giet dêrby yn de eagen fan de P. v. d.A.-fraksje foaral om it ferbetterjen fan de fertrouwens relaasj e Us ynwenners soene der fan út gean meie dat sy yntiids ynfor- mearre wurde oer of ynskeakele wurde by saken dy't harren oangean; sy soene der ek fan út gean meie dat as saken oars geane, soks altyd bart op grûn fan arguminten. Oer dy arguminten kin men fan miening ferskille. Dêr leit dan ek wer it momint fan politike ferantwurding: útlizze wêrom in beskate kar makke is. It is spitich dat der yn de gemeente te faak in sfear hinget fan "se dogge mar wat", "se harkje net" en "wy binne wer de lésten dy't der wat fan hearre". N0T1411/0/H/BR0UWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 5