- 4 - In folwoeksen bestjoer hat münige en aktive ynwenners nedich, dy't it paad nei it gemeentekantoar witte te finen. En sokke ynwenners hawwe wy yn Boarnsterhim - it is opfallend hoefolle inisjativen der de léste tiid út de doarpen komme. Dy minsken moatte in iepen bestjoer fine, dat stiet foar syn saken. In bestjoer dat kreatyf meitinkt of in dúdlik "nee" hearre lit as it net yn it belied past of de mooglikheden der deagewoan net binne. En sa'n bestjoer hawwe wy noch net; sa'n bestjoer binne wy noch net. Us fraksje wol dér al in bijdrage oan leverje. Wy konmie mei in inisj atyf-útstel dat mei dat ûnderwerp ferbân hâldt. Wy wolle it kolleezje en de ried nammentlik yn omtinken jaan om in riedjaand referindum te hélden oer plannen op de Min ne Finne yn Grou. Yn syn algemienens fynt de Pv.d.A.-fraksje dat hiel hoeden omgien wurde moet mei referenda. Mar yn dit gefal giet it yn de eagen fan üs fraksje om in unyk stik grün, yngripende plannen, hiel útsprutsen mieningen en emoasjes. Dy kombinaasje makket dat wy in brede peiling fan it draachflak, dêr't de ried fansels einferantwurdlike by bliuwt, op syn plak fine. Sa'n iepen hélding fan it bestjoer nimt ek daliks de suggestje wei dat alles al "knipt en naait" is. Wy kinne ús foarstelle dat in kombinaasje mei de ferkiezings fan Provinsjale Steaten yn maart ta in hege opkomst liede kin. Wy wolle it kolleezje freegje om de foar- en neidielen fan in referindum oer de Minne Finne op in rychje te setten, sadat wy dér op koarte termyn yn'e ried oer gear kinne. Yn it bestjoersprogramma hawwe wy ússels as ried in ynspan- ningsferplichting oplein om ekstra omtinken te jaan oan de folgjende ûnderwerpen. Bedriuwsterreinen/wurkgelegenheid. It kolleezje is mei faas je út ein set mei it sanearen fan it grûnbedriuw. Yn it rieds- en kolleezjewurkprogramma hawwe wy ófpraat om it jild dat wy oerhélde troch it earder ynrinnen fan de taakstelling op it grûnbedriuw yn it wurk- gelegenheidsfûns ûnder te bringen. Mei dat fûns wolle wy ekstra ympulsen jaan oan it befoarderjen fan de wurkgelegen- heid yn ús gemeente. Wy sjogge dér goede mooglikyheden ta yn'e takomst. Oer de útwurking dêrfan wolle wy noch neier mei it kol leezje fan gedachten wikselje. Foar it befoarderjen fan de wurkgelegenheid sjogge wy foaral ek perspektiven troch gearwurking yn stedsgewestferbén; wy tinke oan bedriuwster- reinen, mienskiplike akwisysje baneplannen ensafuorthinne. Oer ús grinzen sjen, dus. Ut de gedachte wei dat it helpen fan minsken oan wurk it béste wolwêzensbelied is, wolle wy sjen nei it ferromjen fan ús mooglikheden fan arbeidsmark- belied. Wy tinke dan oan it mei kursussen en oare maatre gels besykjen minsken mei in útkearing wer oan it wurk te krijen. Doarpsfernijïng. De projekten yn Boarn en Jirnsum binne klear. Akkrum, Wergea en Grou moatte mei faasje trochset wurde. It moat ús al fan it hert dat wy min te sprekken binne oer hoe't De Buorren yn Akkrum en it Halbertsmaplein yn Grou der op dit stuit bylizze. NOT 14110HBROUWERJ4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 6