- 5 - Wy ferwachtsje dat it kolleezje dêr op koarte termyn wat oan docht. En It Grien heart yn de eagen fan de P.v.d.A.-fraksje grien fan gers te wezen. Nije struktuer wolwêzenssektor. Wy fine dat it kolleezje it sosjaal-kultureel wurk op goede wize op'e nij foarm jûn hat; der binne dúdlike keuzes mak ke Besunigje bliuwt fansels hiel hurd en wy fine ek dat hjir de ûndergrins berikt is. Wy wolle hjir ús soarch útsprekke oer de wize wêrop de noch kommende besunigings op de sport realisearre wurde moatte. Soks moat yn goed oerlis - dat is ek de ôfspraak - mei de sport en de doarpen plakfine. It is ús fraksje wat te lang stil op de fjilden en de tribunes. Yn syn algemienens fine wy dat de foarsjennings yn de wol- wêzenshoeke no wol echt op it minimumnivo sitte. De ynspan- ningsferplichting dy't wy üssels oplein hawwe, betsjut foar de Pv.d.A.-fraksje dat, as der yn'e takomst meifallers binne en der romte yn de begrutting üntstiet, wy sjen wolle oft wy dêrmei de wolwêzenshoeke fersterkje kinne. Wy tsjinje in amendemint yn mei dy ynterpretaasje as oanfol- ling op de oanbiedingsbrief Minimabelied. Wy binne der wiis mei dat in gearhingjend minimabelied fêststeld wurde sil. Dat is lykwols mar in earste stap yn ús eagen. Wy fine njonken bysûndere bystân en it frijskat- tingsbelied in bydrageregeling foar maatskiplike kosten fan grut belang. Wy hawwe earder wolris sein dat it béste minimabelied is, it sa leech mooglik hâlden fan de tarieven en abonneminten fan foarsjennings. No't wy dêr troch ús besunigingsdruk net yn slagje, moatte wy foar sa'n bydrage regeling soargje. It spyt ús fraksje dat dat yn dizze be grutting net realisearre is. Wy lizze de ynspanningsfer- plichting dy't wy foar de minima hawwe sa út, dat as der yn'e takomst finansjele romte üntstiet, wy allerearst sjogge nei dizze bydrageregeling. Yn it earder neamde amendemint wurdt dat troch de P.v.d.A.-fraksje oan'e oarder steld. Basisûnderwiis Wy binne ynnommen mei it begjin fan beleidsfoarming op dat ünderdiel. Der is lykwols in soad oan'e oarder yn it ûnder- wiisfjild en soks jout ûnwissens. Wy hawwe der soarch oer oft der wol op'e tiid düdlikheid üntstiet oer de bestjoers- oanstelling, de bestjoersfoarm, it selsbehear en mooglike gearwurkingsferbannen fan skoallen. Dêrnjonken moat it efterstallich ûnderhâld oan de gebouwen sa gau mooglik ynrûn wurde en soarch foar kwaliteitsferbet- tering duorjend omtinken hâlde. Organisaasje en personielsbelied. As léste ûnderwerp wol ús fraksje dochs noch koart yngean op de ûntslachkwestje fan twa amtners, dy't ús yn de of rune perioade sa behearske hat. Wy kinne en wolle dêr by dizze skôgings net omhinne. Op himsels fine wy it net in goede saak dat de ried him sa dwaande hâldt mei personielsbelied. Dat is ommers it foech fan it kolleezje. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 7