- 6 - Us boargemaster is destiids ek beneamd mei in rom mandaat fan de fraksjefoarsitters om swierrichheden yn de organisaa- sje op te lossen. Dat hat der mei ta laat dat de reorgani- saasje - gelokkich - yn in streamfersnelling kommen is. Mar yn dizze ûntslachkwestje hat de portefuljehâlder en mei him it kolleezje te swiere gefolgen ferbûn oan de bedreaune feiten; de rjochter is ta in oare beoardieling fan dyselde feiten kommen. Us fraksje hat der mear as ien kear op oanstien om gefolch te jaan oan eardere útspraken fan de rjochter. Us fraksje giet der fan út dat it kolleezje dat no ek docht en besiket ta wurkbare ferhâldings te kommen. Wy hawwe al earder sein dat der allinnich mar ferliezers binne yn dizze saak. In bestjoerlike krisis soe de skea allinnich noch mar grutter meitsje. Wy wolle ta op rêst yn de organisaasje en it ferbetterjen fan it wurkklimaat. Soks kin as der minder nei tsjinstel- lings socht wurdt, mar mei respekt foar elkoars posysje en (eigen)aardich- heden gearwurke wurdt. Soks jildt fansels ek foar de ried en it kolleezje. Wat ús bynt binne de saken dy't wy meielkoar út'e wei sette moatte yn Boarnsterhim. En, foarsitter, dat binne noch in hiel soad. De ienriedigens dêr't wy mei út ein set binne, wolle wy fêsthâlde. Wy tinke dat mei de begrutting fan ferline jier, mei hiel yngripende besunigings, in nije koers fan'e gemeente ynset is. Dizze begrutting set wer in stap fierder. Sa komme wy stap foar stap út'e nederklits. It freget úthâldingsfer- mogen, langere termyn belied, moed en ek ynkassearingsfer- mogen. Want, foarsitter, de histoarje leart ús dat gemeente best joerders fan Boarnsterhim rekkenje kinne op aardich wat nuvere en brike saken. De ûnderfining dy't in riedslid yn Boarnsterhim opdien hat yn it ôfûne healjier, dér docht in riedslid fan in trochsneed Fryske gemeente fjouwer jier oer. Wat dat oangiet sit hjir in ploech dy't al aardich yn't sâlt bebiten is. Us fraksje hat dan ek alle fertrouwen yn'e takomst. Foarsitter, wy sjogge goede perspectiven foar ús gemeente as wy sykjen bliuwe nei wat ús bynt en noed stean foar de minsken om ús hinne. De fraksje tsjinnet de folgjende amendeminten yn en docht in ynisjatyf-útstel. Amendemint 1. It opheegjen fan de post ûnfoarsjoen besjen yn gearhing mei it fergrutsjen fan de yfestearringsromte, dat sadwaande oan de strekking en doelstelling fan de yn it riedsprogramma neamde "knyppuntepot" rjocht dien wurdt. Dat betsjut dat: romhertich mei de post ûnfoarsjoen omgien wurdt; echte knyppunten net tusken wâl en skip reitsje; der romte wêze moat foar (lytse) ynfestearrings foar ien kear (co-financiering); romte foar ynvestearrings net allinnich yn de "hurde" sektor ynset wurdt, mar ek foar bouwen en ferbouwen yn de wolwêzenshoeke. Wy tinke benammen oan doarpshuzen en sport- foarsjennings N0T1411/0/H/BR0UWERJ/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 8