- 12 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van de F.N.P. wordt geacht tegen te hebben gestemd. 13Voorstel tot het vaststellen van het inhoudelijk en financieel verslag sociaal-cultureel werk en emancipatiewerk 1993. Mefrou Veldstra is benijd oft it fereveningsfûns bestean bliuwt. Wethouder Van den Berg zegt dat het totale vereveningsfonds vol gend jaar gebruikt wordt om die vereningen te steunen die met opheffing bedreigd worden. Blijft er wat over, dan zou dat mis schien in het fonds van de f 10.000,00 gestort kunnen worden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 14Voorstel subsidiëring sociaal-cultureel werk en emancipatiewerk. De motie van de fractie van de V.V.D. van 14 november 1994 zal in de discussie betrokken worden. De hear Roorda seit dat syn fraksje dit in goed ütstel fynt, yn dy sin der der in dúdlike kar makke wurdt. Besunigjen bliuwt fansels pynlik. Syn fraksje fynt dat de ûndergrins no wol berikt is. It fûns ienmalige aktiviteiten moat nei syn betinken breed ynsetber bliuwe, dus net allinne foar de âlderein sa't de V.V.D.-fraksje wol. Syn fraksje is benijd nei de wize fan fer- dielen fan dizze f 10.000,00 en wol graach de neiere útwurking yn 'e ôfdieling nochris beprate. Mefrou Santerna seit dat har fraksje it in plúmke wurdich fynt dat it kolleezje de passaazje út'e algemiene skôgings kopiërre en oan de riedsleden útdielt hat. Sy sil dy passaazje no net werhelje. Har fraksje wol by de groep minsken fan 65+ de groep fan 55 oant 65 behelje omt it krekt dy groep is dy't aktyf gebrûk makket fan de sosjaal-kulturele foarsjennings op de lytse doarpen. Sy neamt as foarbyld de "bejaardengymnastiek" yn Warten dy't troch it stopsetten fan de subsydjze en it dêrtroch omheech- bringen fan de eigen bydrage aanst ophâldt te bestean omt in protte minsken betankje as lid. De hear De Jager seit dat it harsenskrabjen west hat om dit stik op tafel te krijen. It hat muoite en pine koste om dit foarel- koar te krijen. Mar it is no ien kear sa dat it mei in lege ponge min húshâlden is. De hear Postma seit dat syn fraksje fynt dat de konsekwinsjes fan dit ütstel kritysk yn byld brocht wurde moatte. Hy wol graach in evaluaasje oer in tal moannen sadat de ried dan belied meitsje kin foar 1996 en fierder. Hy is bliid mei it ferevenings- fûns dat akute knyppunten oplosse kin. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje him lykfine kin yn 'e ütwurking fan de besluten fan ferline jier. Hy freget de wet- hâlder wêrom de âlderein wat buten de boat fallen is. Hy tinkt dat yn 'e ienmalige bydrage ek seker saken foar de âlderein stimulearre wurde kinne. NOT15N0V1/0/H/WESTERHR/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 14