- 14 - Mefrou Veldstra seit dat har fraksje bliid is mei de nota. In moai rapport, mar wat dogge we der eins meil It is spitich dat de bydrageregeling net trochgean kin. Sa gau as mooglik moat dy wol fan'e grün komme. Har fraksje fynt ek dat it gemeentlik stúdzjefûns sichtber bliuwe moat. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje ynnommen is mei de nota. De nota jout in byld fan wat der op gemeentlik mêd op dit flak dien wurde kin. Der moat besocht wurde de minsken yn Den Haach düdlik te meitsjen dat de ynkommens hyltiten mear ünder druk komme te stean. Syn fraksje freget om te besjen oft der mooglikheden binne ta fasearre betelling fan gemeentlike beles- tings. Hy fynt it ek tige spitich dat der gj in bydrageregeling komt. As de kâns him foardocht moat dochs besocht wurde hjir jild foar frij te meitsjen. Wethâlder De Boer konstatearret dat de ried ynnommen is mei it feit dat de nota der no leit. Ferskate ünderdielen fan it minima- belied wurde al ütfierd. De bydrageregeling hie it kolleezje dêr graach oan taheakje wollen, mar spitigernôch koe dat net. Der wurdt besocht sa goed as mooglik foarljochting te jaan. It ynstellen fan in meldpunt dêr't de hear Van der Meulen op tsjutte sil besjoen wurde. De fasiliteiten fan it gemeentlike stúdzjefûns sitte ek yn de bysûndere bystân. De mooglikheden dêr binne seis breder dan dy fan it stúdzjefûns. Mefrou Santerna bliuwt derby dat it gemeentlike stúdzjefûns bestean bliuwe moat. De hear Van der Baan wol absolüt net de yndruk festigje dat yn üs gemeente gjin goede ynspanning levere wurdt foar de minima. Hy wiist der lykwols op dat krekt de bydrageregeling de minsken de mooglikheid jout út it isolemint te kommen. Hy fynt dat it kolleezje de bydrageregling wol ütfiere moatten hie. Yn de ütwurking op dit punt kin syn fraksje him dus net fine. Ek bliuwt syn fraksje fan betinken dat it gemeentlike stüdzjefuns sichtber en yn stân bliuwe moat. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje net ree is om earne oars jild wei te heljen foar de bydrageregeling. It kolleezje en ek de meiwurkers fan Sosjale Saken binne harren hiel wol bewust dat minsken mei in leech ynkommen it hiel dreech hawwe. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fracties van de V.V.D en de F.N.P. worden ge acht tegen de opheffing van het gemeentelijke studiefonds te hebben gestemd. De fractie van de F.N.P. wordt geacht tegen het niet beschikbaar stellen van geld voor het instellen van een bijdrageregeling deelname maatschappelijk verkeer te hebben ge stemd. 16. Voorstel vluchtelingen- en asielzoekersbeleid. De hear Ziilstra seit dat der no in goed beliedsplan foar flecht- lingen en asylsikers leit. Dat waard ek tiid, omt op dit stuit al sa'n 100 minsken yn üs gemeente wenje. Syn fraksje fynt dat der sa gau mooglik in koördinator oansteld wurde moat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 16