15 - "Vluchtelingenwerk" rint ope teannen en hat dringend dy koör- dinator nedich. It is allinne noch de fraach by wat dy koör- dinator yn tsjinst komt. Syn fraksje tinkt dat dat it beste kin by "Vluchtelingenwerk". Fierder moat de gemeente hiel alert wêze op de wizigingen dyt noch hyltiten trochfierd wurde. Mefrou Veldstra is bliid dat de reaksjes fan "Vluchtelingenwerk" noch by de nota belutsen binne. De bylage, dêr't dy reaksje yn stiet, hat sy lykwols net krigen. Sy wol dy reaksje noch wol graach hawwe. Har fraksje is der benijd nei oft der noch op skema wurke wurdt en oft de evaluaasje yn desimber komt. Wethâlder De Boer is wiis mei de ynstimming fan it belied. It kolleezje is dwaande mei it op in rychje setten fan wa't him dwaande hâldt mei flechtlingenwurk, hoe't dat funksjonearret en hoe't dat mooglik oars moat. Der wurdt ek mei de Stichting "Vluchtelingenwerk" praten. It kolleezje erkint dat de stichting ûnder in swiere druk wurkje moat. De Stichting soe der ek graach mear frijwilligers en bestjoersleden by hawwe wolle. Der komt in evaluaasje yn desimber yn de ôfdieling, noch net yn de ried. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 18Voorstel tot vaststelling van begrotingswijzigingen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. De foarsitter slút om 0.05 oere de gearkomste. Hy betanket de ried foar syn bydrage oan de beslütfoarming en winsket eltsenien wolthüs. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 24 januari 1995, de voor&itter, de secretaris, (mevrouw A.M.E. van der Sluijs) (Y. stra) vtpT" 'O 'U 'JTCTOtlTJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 17