De hear Van den Berg seit dat it in goede saak is dat der dit jier om grutte skaai omtinken is foar it feit dat Nederlân 50 jier iyn befrijd is. Net yn it léste plak om te betinken wat der 50 jier iyn plakfûn hat, mar ek om stil te stean by it gefaar dat noch hyltiten op 'e loer leit. It momint fan 4/5 maaie sil dan ek oangrepen wurde moatte as in momint fan besinning. Syn fraksje giet akkoart mei it útlûken fan f 25.000,00 al fynt hy it spitich dat it úte post ûnfoar- sjoen weikomme moat. It is ek spitich dat it ynisjatyf fan it komité fan Raerderhim net honorearre wurdt. Syn fraksje hat lykwols begryp foar de ôfwaging dy't it kolleezje makke hat. Hy docht in oprop oan de komité's om te besjen oft it ynisjatyf fan Raerderhim mooglik noch réalisearre wurde kin. It is miskien ek mooglik in berop te dwaan op partikulieren. Mocht der dan noch in tekoart bliuwe dan ropt hy it kolleezje op noch om in oplos sing te sjen. De foarsitter seit dat it kolleezje him oanslute kin by de wurden fan de foargeande sprekkers oangeande de befrijing fan 50 jier lyn mar ek oangeande de soarch dy't der noch is. It kol leezje mient dat der net allinne frijbliuwend oer dizze saken praten wurde kin, mar dat der ek jild frijmakke wurde moat foar de betinking. Fan de f 25.000,00 dy't frijmakke wurdt is f 15.000,00 bestimd foar aktiviteiten yn'e doarpen, meastal foar de festiviteiten fan 5 maaie. Elts doarp is lykwols frij yn it besteegjen fan it taparte bedrach. f 10.000,00 is bestimd foar de betinking op 4 maaie, it lesmateriaal ensafuorthinne. It kol leezje wol, as de ried dêrta in fersyk docht, in oare ferdieling beprate yn de kommisje. Der kin, tinkt him, gj in jild by de doarpen weihelle wurde. Wol it ynisjatyf fan Raerderhim hono rearre wurde dan sil der mear jild foar beskikber komme moatte. Oer de ferdieling fan de f 2.400,00 kin noch wol praten wurde. It kolleezje wol net mear as f 25.000,00 beskikber stelle. Mooglik kin der noch jild by partikulieren as fûnsen weihelle wurde. It kolleezje seit ta dat dér noch mei it komité oer pra ten wurde sil. Mevrouw Aukes zegt dat 6 Plaatselijke Belangen aangeven dat hun begroting nog veranderd kan worden en dat een grotere bijdrage toe kan komen aan het comnité Raerderhim. Zij vindt dat het col lege de marge groter moet zien dan de f 2.400,00 waarover de voorzitter net sprak. De heer Jonkers vindt de verhouding tussen herdenking (f 2.400,00) en feest (f 22.500,00) niet juist. Zijn fractie wil graag dat de bedragen ten gunste van de herdenking worden aange past. Als de dorpen f 200,00 afdragen aan de (doden)her- denking zou dat een goede zaak zijn. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it mei de fraksje fan Gemeentebelangen iens is dat de betinking it wichtichste elemint is fan de aktiviteiten foar 4 en 5 maaie. Wat him oanbelanget mei dy betinking in swierder aksint hawwe as no it gefal is. Hy freget hokfoar organisaasje de Stichting Befrijing Fryslân is. Syn fraksje fynt dat der neigien wurde moat oft de colonne sa swier subsidiearre wurde moat yn ferhâlding ta oare ûnderdielen. As it net oars kin dan stiet hy der wol op oan dat foar de betinking foar it komité Raerderhim ekstra jild beskikber steld wurdt 3120 H BROUWEiU 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 20