De hear Van der Baan seit dat dit üstel folget op tal fan bjusterbaarlike saken sa as de "heakyp" en de "klaachmuorre"Al sünt 1983 is de ried dwaande mei de ynfolling fan it Halbertsma- plein. De earste aksje hie as slogan: It Grien moat grien bliuwe. It frjemde feit docht him foar dat der wol besluten nommen- binne troch de tiid hinne, mar dat it nea ta ütfiering kommen is. Hy wol graach fan it kolleezje in oersjoch hawwe fan wat alles koste hat en wêr't it oan útjûn is. Syn fraksje fynt dat it beslüt fan 1991 ütfierd wurde moat ûnder de betingst dat It Grien net wer sa suterich wurdt as dat it no is. De hiele gong fan saken jout him de yndruk dat der in bytsje mei opset sin nei it ferhurdzjen fan it plein tawurke is. De hear Van den Berg seit dat dit ütstel by syn fraksje mear fragen as antwurden jout. Hy soe graach witte wolle hoe't it komt dat It Grien der sa hinneleit. In soarte fan evaluaasje op haadlinen, mei dêrby de finansjele stân fan saken. Hy freget wêrom it beslüt fan 1991 eins net realisearre is. Dêrnei fynt syn fraksje dat der pas in ôfwaging makke wurde kin. Dan wol hy noch witte wat it alternatyf fan it kolleezje kostet en wèr't de dekking fün wurdt. De foarsitter seit dat it kolleezje fynt dat de ried no antwurd jaan moat op de fraach oft It Grien grien bliuwe moat as net. De diskusje oer it Halbertsmaplein giet al mear as 10 jier. Hyl- titen is der troch eltsenien omwraksele mei de fraach hoe't it eins moat. 10 jier is der praten oer deselde fragen en der binne in hiele protte antwurden jün. Der binne krediten beskikber steld oant it bedrach fan f 939.220,00 en it is tragysk te konstatearjen dat der safolle jild beskikber steld is sünder dat it einrisseltaat, in moai plein, helle is. Alles wat der no noch barre sil, moat binne it al beskikber stelde kredyt dien wurde. As it doel in smuk, waarm plein is, en dat wol fansels eltsen ien, dan moat it seker oars as no, dat is wis. In protte Grou- sters binne bliid mei "de muorre fan Grou". De sfear dy't dêrüt sprekt is goed. Mar it hek om it grien wie al nei 4 dagen kapot. It kolleezje tinkt dat as it beslüt fan 1991 ütfierd wurdt it multifunksjonele karakter fan it plein net behâlden wurde kin. Op de gearkomste dy't it kolleezje belein hat fünen de measte minsken ek dat it plein better ferhurde wurde kin. Dêrom komt it kolleezje mei dit ütstel. Fan it beskikber stelde kredyt is noch in lytse f 20.000,00 oant f 25.000,00 oer en fan dat bedrach sil it barre moatte. It kolleezje wol gjin parkearterrein meitsje fan it plein, it moat ferbliuwsgebiet bliuwe. Sterker noch, it moat fysyk ünmooglik makke wurde dat dér auto's delsetten wurde kinne. It kolleezje is ree in passaazje mei boppeneamde strek king yn it beslüt op te nimmen. Oangeande de parkearproblematyk fan Grou sil it kolleezje sa gau mooglik mei nij belied komme. Hy fynt it dêrom no net ferstannich in ütspraak te dwaan oer betelle parkearen ensafuorthinne. As léste in reaksje op de op merking fan de hear Van der Baan. Der is alhiel net tawurke nei de sitewaasje sa't dy der no hinneleit. By de evaluaasje fan de léste 10 jier is wol düdlik dat it in lijenswei west hat. De ried docht der hiel ferstannich oan no in definitive ôfwaging te meitsjen. It stânpunt fan it kolleezje yn dizzen is düdlik. De heer Lolkarna verzoekt om een schorsing. NOT13120H3R0UVERJ5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 22