- 2 - Mevrouw Aukes zegt dat er in de afdeling door haar fractie een voorbehoud is gemaakt. Haar fractie wil pas beslissen op de uit gewerkte voorstellen. De foarsitter seit dat it kolleezjewurkprogramma besprutsen is yn 'e ôfdieling dêr't de bestjoerlike saken oan'e oarder komme. It giet neffens it kolleezje te fier om it kolleezjewurkprogram ma op syn funksjonele ynfolling te bepraten. In behanneling yn 'e ried is ek net oan'e oarder omt it kolleezj ewurkprogramma it hânboek fan it kolleezje is. De hear Van der Baan seit dat de foarsitter formeel gelyk hat. Dochs fynt hy de behanneling oan'e krappe kant. By de behanne ling yn 'e ôfdieling wie wol it hiele kolleezje oanwêzich mar net de hiele ried. Dêrom wol hy graach noch in behanneling yn 'e ôfdieling WWM. De hear Van den Berg is fernuvere oer dizze réaksje fan de hear Van der Baan. Yn'e ôfdieling hat hy sein dat it kolleezj ewurk programma in stik fan it kolleezje is en hy hat doe gjin ynhâld- like fragen steld. Mei dit moai-waar-spyljen kin syn fraksje net sa goed út'e fuotten. De foarsitter seit dat it kolleezje yn dizzen it midden hâlde wol. Binnen no en in heal jier sil yn 'e ôfdieling AZW stilstien wurde by it kolleezjewurkprogramma. It folsleine kolleezje sil dêr oanwêzich wêze. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 3Mededelingen. De mededelingen worden voor kennisgeving aangenomen. 17. Voorstel inzake een gemeentelijke bijdrage in de financiering van een dorpshuis te Poppenwier. Wethouder Smittenberg zegt dat het college met een variant op het voorstel komt. Het college stelt voor om de grond de eerste 2 jaar niet in eigendom over te dragen maar in huur te geven. Uitgaande van een bedrag van f 55.000,00 en een rentepercentage van 7,5. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.25 oere foar oerlis. Hy weriepenet de gearkomste om 20.35 oere. De hear Van den Berg konstatearret dat eltsenien achter de rea- lisearing fan in doarpshüs yn Poppenwier stiet. Syn fraksje is tige ynnommen mei de variant, dy't rjocht docht oan'e sitewaas- je. Mei dit kompromis doart hy nei Poppenwier te gean. De hear Van der Baan fynt it spitich dat it kolleezje sa ûnfer- wacht mei dizze variant komt. Syn fraksje stelt út om f 75.000,00 beskikber te stellen en de grun foar f 1,00 oer te dragen. Dêrmei wurdt kenber makke dat wy it doarp helpe wolle en dat wy der net op út binne winst oer harren rêch hinne binnen te heljen. De grûn is net mear wurdich.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 4