GEMEENTE BOARNSTERHIM Nû. 4.1.; De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim; sjoen it útstel fan boargemaster en wethâlders fan 13 jannewaris 1995; acht slein op 'e "Algemene Wet Bestuursrecht en de Gemeentewet"; b e s 1 t fêst te stellen "it reglemint fan oarder foar de gearkoosten fan 'e gemeenteried" HAADSTIK 1. ALGEMENIENE BEPALINGS. Begrypsomskriuwingen. Kêst 1. Yn dit reglemint wurdt ferstean ûnder: amendemint: sub-amendemint: moasj e ütstel fan oarder: inisjatyfütsel: útstel ta it wizigjen fan in yntsjinne konsept- beslüt, dat nei de foarm gaadlik is om dêryn daliks opnommen te wurden; ütstel ta it wizigjen fan in yntsjinne amendemint, dat nei de foarm gaadlik is om daliks yn it oan- belangjende amendemint, opnommen te wurden. koarte en motivearre ferklearring oer in ündérwerp dêr't in oerdiel, in winsk of fersyk troch üt- sprutsen wurdt, sünder dat dêr rjochtsgefolgen oan ferbün binne; ütstel oangeande de oarder fan 'e gearkomste; ütstel, dien troch in riedslid büten de wurklist om, dat sa gau mooglik op 'e wurklist fan 'e gearkomste fan 'e ried setten wurde moat. De foarsitter. Kêst 2. 1. De foarsitter is belêste mei: a. it lieden fan 'e gearkomste; b. it bewarjen fan 'e oarder; c. it krekt nimmen en folgje litten fan dit reglemint; d. wat de wet of dit reglemint him fierder opdraacht.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 55