- 2 - 2. Hy ferlient it wurd, formulearret de konklüzjes dêr't oer stimd wurde sil, dielt de útslach fan 'e stimmings mei en formulearret it beslút as dêrby net haadlik stimd wurdt. De siktaris-r Kêst 3. 1. De siktaris is yn alle gearkomsten fan 'e gemeenteried oanwêzich. 2. By behindering of ôfwêzigens wurdt er ferfongen troch in troch boargemaster en wethâlders dêrta oanwiisd amtner. 3. Hy kin, as er dêrta troch de foaristter noege wurdt, oan it be ried as bedoeld yn dit reglemint dielnimme. 4. Hy kin as er dat wol it meitsjen fan it ferslach opdrage oan in amtner. HAADSTIK II. IT TALITTEN FAN NIJE LEDEN. FRAKSJES. ündersvk betrouwensbrieven, it beëdigjen. Kêst 4. 1. It ûndersykjen fan 'e betrouwensbrieven en de oanbelangjende stikken fan nij beneamde leden bart, mei it yn acht nimmen fan it bepaalde yn 'e Kieswet, troch in kommisje, dy't bestiet út trije leden, dêrta iderkear wer beneamd troch de foarsitter út 'e leden fan 'e ried. 2. De kommisje bringt, nei't it ündersyk fan 'e betrouwensbrieven en de oare by de Kieswet fereaske stikken en de mooglike beswier- skriften dien is, ferslach út oan 'e gearkomste en docht dêr in útstel by om in beslút te nirtmen. Fan in minderheidsstânpunt wurdt ek melding dien. 3. De foarsitter ropt in talitten lid op om yn 'e earste gearkom ste, dêr't er syn betrekking neffens de Gemeentewet yn oanfur- digje kin, de foarskreaune eed of ferklearring en ûnthjit óf te lizzen. Fraksjes Kêst 5. la. Leden fan 'e ried kinne harren ferienigje ta in groep, neamd fraksje. b. Hja dogge dat skriftlik te witten oan 'e foarsitter, under it neamen fan 'e namme fan 'e fraksje en de nammen fan dyjingen dy't harren as fraksjefoarsitter en as plakferfangend fraksje- foarsitter foardogge.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 56