- 3 - 2a. As: ien of mear leden fan in fraksje harren as selsstannige fraksje foardwaan sille; twa of mear fraksjes harren as ien fraksje foardwaan sille: ien of mear leden fan in fraksje harren oanslute by in oare fraksje; wurdt dat sa gau as it mar kin skriftlik trochdien oan 'e foar sitter. b. Mei de ûnder a beskreaune sitewaasje wurdt rekkening halden mei yngong fan 'e earstfolgjende gearkomste fan 'e ried nei de meidieling dêrfan. HAADSTIK III. GEARKOMSTEN. Paragraaf 1 Tiid en plak fan gearkommen, tariedings. Tiid en plak fan gearkommen. Kêst 6. 1. De gearkomsten wurde ornaris hâlden op 'e tredde tiisdei fan 'e moanne, begjinne om 20.00 oere en wurde trochstrings hâlden yn it gemeentehûs. 2. De foarsitter kin yn bysündere gefallen in oare dei en/of in oar begjinoere fêststelle of in oar plak fan gearkommen oanwize. Oprop, wurklist. Kêst 7. 1. De foarsitter stjoert - driuwende gearkomsten útsein - safolle as mooglik op syn minst tsien dagen foar in gearkomste de leden in skriftlike oprop ta Onder it neamen fan de dei, de oere en it plak fan 'e gearkomste. 2. It oproppingsbrief neamt de underverpen, dy't yn 'e gearkomste behannele wurde sille yn 'e folchoarder dêr't dy yn oan 'e oarder steld wurde sille. 3. De ried kin beslute in oare folchoarder oan te hâlden. 4. De ried kin beslute yn driuwende gefallen, op útstel fan in lid fan 'e ried of de foarsitter, Onderwerpen dy't net yn it oprop pingsbrief neamd binne, daliks yn behanneling te nimmen. 5. De foarsitter kin nei it ferstjoeren fan it oproppingsbrief sa nedich in oanfoljende wurklist utgean litte. De ütstellen dy't dêr op steane wurde sa gau mooglik, mar it leafst op syn lést twa kear 24 oere foar it begjin fan 'e gear komste oan 'e leden tastjoerd. 5,VO.:<.7'VO'3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 57