- 4 - 6. Wannear't de ried in ûnderwerp ûnfoldwaande taret achtet foar iepenbier berie, kin er beslute om te ferwizen nei in riedskom- misje of om it werom te stjoeren nei boargemaster en wethâlders om neiere ynljochtings of om advys. Tastjoeren fan útstellen. Kêst 8. De foarsitter soarget der foar dat - driuwende gefallen ütsein - de te behanneljen ütstellen op syn minst tsien dagen foar de gearkomste oan 'e leden tastjoerd wurde. Op bes jen lizzen fan stikken. Kêst 9. 1. De stikken, dy't tsjinje as taljochting by de riedsútstellen, wurde tagelyk mei it ferstjoeren fan 'e ütstellen foar de leden op besjen lein. As der nei dy tiid stikken op besjen lein wurde, wurdt dat meidield oan 'e leden. 2. In lid fan 'e ried mei in orizjineel fan in op besjen lein stik net bûten it gemeentehüs bringe. 3. De foarsitter kin tastean, dat oaren dan de leden de op besjen- lizzende stikken ynsjogge. 4. Yn ôfwiking fan it bepaalde yn it earste lid bliuwe stikken, dêr't de ynhâld fan under de geheimhâldingsplicht fait neffens kêst 25 earste dan wol twadde lid fan 'e Gemeentewet under berêsting fan 'e siktaris, dy't de leden dy stikken ynsjen lit. Iepenbiere publikaasje. Kêst 10. 1. De gearkomste wurdt yn ien of mear dei-, nijs-, of hûs-oan- hûsblêden buorkundich makke. 2. Yn de iepenbiere publikaasje stiet: a. de datum, de begjintiid en it plak fan 'e gearkomste; b. hoe't en it plak dêr't elkenien de wurklist en de oanbelang- jende ütstellen ynsjen kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 58