Paragraaf 2 Oarder fan 'e gear koens te. Presins jelist. Kêst 11. Elk lid dat op 'e gearkomste komt tekenet daliks nei oankomst yn 'e gearkomsteseal de presinsjelist. Oan 'e ein fan elke gearkomste wurdt de list troch de foarsitter en de siktaris sletten. Sitplakken. Kêst 12. 1. De foarsitter, de leden en de siktaris hawwe in fêst sitplak, troch de foarsitter by elke nije sittingsperioade fan 'e ried oanwiisd 2. De foarsitter kin, as der oanlieding ta is, de yndieling feroar- je. It iepenjen fan 'e gearkomste, kworum. Kêst 13. 1. De foarsitter iepenet de gearkomste op de fêststelde oere, as it tal troch de wet fereaske leden neffens de presinsjelist oan- wêzich is. 2. Wannear't in kertier nei de fêststelde tiid it fereaske tal le den net oanwêzich is, bepaalt de foarsitter, nei it foarlêzen fan 'e namme fan 'e ôfwêzige leden, de dei en it oere fan 'e folgjende gearkomste, rekkenjend mei kêst 20 fan 'e Gemeentewet. Lûd- en byldregistraasje Kêst 14. Dyjingen dy't yn 'e gearkomsteseal ünder de riedsgearkomste lud- en/of byldregistraasjes meitsje wolle dogge dêrfan meidieling oan 'e foarsitter en hâlde harren oan syn oanwizings. Primus by haadlike stiraning. Kêst 15. Eardat er de oankundige Onderwerpen oan 'e oarder stelt dielt de foarsitter mei, by hokker riedslid, ütsein de wethâlders, de haadlike stimming begjinne sil. Dêrta wurdt troch lotsjen in folchnûmer fan 'e presinsjelist oan wiisd; by it dêr neamde lid begjint de haadlike stinming. RVO.247/V0/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 59