- 6 - Oantekeningen. Kêst 16. 1. De üntwerp-oantekeningen fan 'e foargeande gearkomste wurde, sa mooglik, oan 'e leden tastjoerd tagelyk mei de oare ütstellen. 2. By it begjin fan 'e gearkomste wurde, safolle mooglik, de oan tekeningen fan 'e foarige gearkomste fêststeld. 3. De leden hawwe it rjocht, in vitstel ta it feroarjen oan 'e ried te dwaan, as de oantekeningen ünwierheden bef ets je of net düdlik werjouwe wat sein is, mei it yn achtnimmen fan 'e beperkings as bedoeld yn it 4e lid under c, of bes letten is. In ütstel ta it feroarjen moat, sa mooglik, op syn minst 24 oere foar de oanbelangjende gearkomste skriftlik by de siktaris yntsjinne wurde, dy't dat ütstel foar beoardieling oan 'e foar- sitter foarleit. 4De oantekeningen moatte ynhâlde a. de nammen fan 'e foarsitter, de siktaris en de op 'e gear komste oanwêzige leden, en ek fan 'e leden dy't ôfwêzich wienen; b. it neamen fan de saken dy't op it aljemint west hawwe; c. in saaklike gearfetting fan wat der sein is mei de naninen fan 'e leden dy't it wurd fierden; d. in oersjoch fan it ferrin fan elke stimming mei it neamen by haadlike stimming fan 'e nammen fan 'e leden dy't foar of tsjin stimden, under oantekening fan 'e nammen fan 'e leden dy't harren op grûn fan 'e Gemeentewet fan it stimmen ûnthâlden hawwe; e. de tekst fan 'e op 'e gearkomste yntsjinne inisjatyfütstel- len, ütstellen fan oarder, moasjes en amendeminten f. de rykstaal dy't by it beried oer in punt fan 'e wurklist brûkt wurdt, wurdt in prinsipe ek brûkt yn de oantekeningen. 5. De siktaris stiet noed foar it opstellen fan 'e oantekeningen. 6. De fêststelde oantekeningen wurde fan de foarsitter en de sik taris tekene. Ynkommen stikken, meidielings. Kêst 17. 1. By de ried ynkommen stikken respektivelik skriftlike meidielings dy't boargemaster en wethâlders oan 'e ried dwaan wolle, wurde op in list setten. Dy list wurdt oan 'e leden fan 'e ried tastjoerd en by de ütstel len op besjen lein. 2. Neit it behanneljen fan 'e oantekeningen wurdt, de troch boarge master en wethâlders ütstelde proseduere foar it ôfdwaan fan e ynkomnen stikken behannele.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 60