Sprekregels Kêst 18. 1. De leden fiere it wurd fan harren sitplak óf en rjochtsje harren ta de foarsitter. 2. By bysundere gelegenheden kin de foarsitter ütmeitsje dat de leden fan in oar plak óf it wurd fiere. Folchoarder sprekkers. Kêst 19. In lid fiert allinne dan it wurd as er dat oan 'e foarsitter frege en fan him krigen hat. Oantal sprekterminen. Kêst 20. 1. It beried oer in ütstel bart op syn heechst yn twa terminen, of it moast wêze dat de ried oars beslist. 2. Elke sprektermyn is ófsletten neit boargemaster en wethâlders of de foarsitter op datjinge wat troch de leden sein is antwurde hawwe 3. In lid mei yn ien termyn net faker as ien kear it wurd fiere oer itselde ünderwerp of ütstel. k. It bepaalde yn lid 3 is net fan tapassing op: it lid fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, dat yn it bysünder belêste is mei it ünderwerp dat yn behanne- ling is; de rapporteur fan in kommisje; it lid dat in (sub-)amendemint, in moasje of in inisjatyfüt- stel yntsjinne hat, foar safier it dat amendemint, dy moasje of dat ütstel oanbelanget. 5. By de bepaling hoefolle kear in lid oer itselde ünderwerp of ütstel it wurd fierd hat, wurdt net meirekkene it sprekken oer in persoanlik feit of oer in ütstel fan oarder. Sprektiid. Kêst 21. De ried kin op ütstel fan 'e foarsitter regels stelle oangeande de sprektiid fan 'e leden. 7 RVO.247/VO/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 61