- 8 - Bewarjen fan 'e oarder. ferskowen. Kêst 22. 1. In sprekker mei yn syn rede net hindere wurde, of it moast wêze dat de~foarsitter it nedich achtet him it folgjen fan dit regie- mint yn't sin te bringen. Ynterrupsjes binne tastien, of it moast wêze dat de foarsitter beslist, dat in sprekker syn riddenaasje sünder fierdere ynter rupsjes ôfmeitsje sil. 2. As in lid it frij nimt misledigjende of unfoechsume útdrukkings te brûken, ôfwykt fan it ûnderwerp dat yn behanneling is, in sprekker hieltyd wer ynterumpearret, of oars de oarder fer- steurt, wurdt er troch de foarsitter ta de oarder roppen. As it oanbelangjende lid dêr gjin gefolch oan jout, kin de foarsitter, salang as de gearkomste duorret dêr't soks yn bart, him it wurd oer it oanbelangjende underwerp untsizze. 3. De foarsitter kin om de oarder te bewarjen de gearkomste foar in troch him te bepalen tiid ferskowe en - as mei it weriepenjen de oarder op 'e nij fersteurd wurdt - de gearkomste slute. It beriedhâlden. Kêst 23. 1. De foarsitter kin útstelle om oer ien of mear underdielen fan in ütstel apart beried te hélden. 2. Op fersyk fan in lid fan 'e ried of op ütstel fan 'e foarsitter kin de ried beslute it beriedhélden foar in troch him te bepalen tiid te ferskowen om sa boargemaster en wethélders of de leden gelegenheid te jaan foar ûnderling neier beried. It beriedhélden wurdt ferfette nei't de ferskowingsperioade ferstrutsen is. Stimferklearing. Kêst 24. Nei't it beriedhélden ófsluten is en eardat ta stimming oergien wurdt, hat elk lid it rjocht syn út te bringen stim koart te motivear- jen. It beslissen. Kêst 25. Nei it beriedhélden en it beslissen oer mooglike amendeminten wurdt oer it ütstel yn syn gehiel, sa as it der is, in einbeslissing nommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 62