- 9 - Paragraaf 3. Prosedueres by it stinnen. It stimmen oer saken. Kêst 26. 1. Nei't it beriedhâlden ôfsluten is of as ninmen it wurd begeart, bringt de foarsitter it útstel ta beslütfoarming. 2. De foarsitter freget, oft stinming begeard wurdt. As der gjin stinming frege wurdt en de foarsitter dat ek net begeart, stelt de foarsitter fêst dat it ütstel sünder haadlike stinming oannom- men i s 3. Yn 'e gearkomste oanwêzige leden kinne freegje yn 'e oantekening te setten dat hja achte wurde wolle tsjinstimd te hawwen of har ren op grün fan in wetlik foarskrift ûnthâlde moatten hawwe. 4. As troch ien of mear leden stemming frege wurdt, docht de foar--- sitter dêr meidieling fan. 5. De foarsitter ropt de leden by namme op om harren stim út te bringen, begjinnend by it lid dat dêrfoar neffens kêst 15 oan- wiisd is. Dêrnei bart it oproppen yn 'e folchoarder fan 'e presinsjelist. 6. By haadlike stinming is elk yn 'e gearkomste oanwêzich lid dat him net fan stinming ûnthâlde moat ferplicht syn stim út te bringen. 7. De leden bringe harren stim út troch it wurd "foar" of "tsjin" út te sprekken, sünder watfoar tafoeging ek. 8. Hat in lid him by it útbringen fan syn stim fersind, dan kin er dat fersin noch wer goed meitsje eardat it folgjende lid stimd hat. Fernimt in lid syn fersin pas letter, dan kin er nei't de foar sitter de útslach fan 'e stinming bekend makke hat wol oan tekening freegje dat er him fersind hat; yn 'e útslach fan 'e stinming bringt dat lykwols gjin feroaring. 9. De foarsitter dielt de útslach nei ôfrin fan 'e stinming mei, mei it neamen fan it oantal foar en tsjin útbrochte stimmen. Hy docht dêrby tagelyk meidieling fan it nommen beslüt. It stimmen oer amendeminten en moasjes. Kêst 27. 1. As der in amendemint yntsjinne is op in ütstel dat yn behanne- ling is, wurdt oer dat amendemint earst stimd. 2. As op in amendemint in sub-amendemint yntsjinne is, wurdt der earst oer it sub-amendemint stimd en dernei oer it amendemint. XV0.247/V0/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 63